Waarpraatsje: Kâld wykein

april 12, 2019 16:04

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in pear kâlde dagen sil it yn it wykein ek kâld bliuwe. Takomme wike wurdt it in hiel stik waarmer.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon binne der flinke opklearringen. By de kust lâns is der wol kâns op in bui, miskien wol mei hagel of wiete snie. By in swakke oant matige noardeastewyn leit de temperatuer om it friespunt hinne.

Sneon wikselje sinne en hingelwolken inoar ôf. Der kinne ek inkelde winterske buien falle. De noardeastewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt 7 graden.

Snein feroaret der net folle oan it te kâlde waar foar de tiid fan it jier.

Takomme wike wurdt it mei temperaturen tusken de 12 en 16 graden in hiel stik waarmer. It bliuwt dan ek drûch.

Jan Brinksma

april 12, 2019 16:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.