Waarpraatsje: Folle waarmer

april 14, 2019 15:13

DE JOUWER – Nei in kâld wykein mei froast yn ‘e nacht en op sneon ek flinke winterske buien wurdt it takomme wike in hiel stik mylder.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is de loft berûn, mar in inkelde opklearring is ek net útsletten. By in swakke oant matige noardeastewyn leit de temperatuer, nei alle gedachten, in pear graden boppe it friespunt.

Moandei wikselje wat bewolking en sinne inoar ôf. De wyn komt út it easten en is matich, yn it Waadgebiet frij krêftich. It wurdt 14 graden.

Yn ‘e rin fan ‘e wike wurdt it stadichoan noch waarmer. Fan tongersdei ôf leit de temperatuer tusken de 15 en 20 graden.

Jan Brinksma

april 14, 2019 15:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.