Waadhoeke op wei nei Fairtradegemeente

april 23, 2019 12:39

As in gemeente Fairtradegemeente wurde wol, moat dat taret wurde troch in wurkgroep. Yn it koälysje-akkoart fan Waadhoeke is de kar makke om ek Fairtradegemeente te wurden. Dêrom is dêr ferline wike sa’n wurkgroep útein set. Wethâlder Jan Dijkstra, dy’t de symboalyske ôftraap joech, sei dêrby: ”It is in dúdlike kar yn it koälysje-akkoart om Fairtradegemeente te wurden. Dêr litte wy mei sjen dat we duorsumheid belangryk fine.”

De wurkgroep bestiet út acht ynwenners fan Waadhoeke mei passy foar duorsumheid en earlike hannel. Wethâlder Dijkstra is adviseur fan de groep en Ruud Goeman, foarhinne gemeentesekretaris fan It Bilt, giet no as manager Mienskip oer dit ûnderwerp. It Bilt wie yn 2009 de earste Fairtradegemeente yn Fryslân. Projektlieder Janny Wijbenga ûnderhâldt it kontakt tusken de wurkgroep en de gemeente.

De wurkgroep bringt Fairtrade en Maatskiplik Ferantwurde Undernimmen (MVO) ûnder de oandacht yn de gemeente troch kontakt mei bedriuwen te lizzen en kampanjes op te setten. Bedriuwen dy’t oan de easken fan Fairtrade of de kritearia foar MVO foldogge, krije in sertifikaat. De projektlieder hat dêr alle ynformaasje oer. “Bedriuwen kinne faak mei lytse oanpassingen al foar sa’n sertifikaat yn ’e beneaming komme. Se hoege soms allinne noch mar op Fairtradekofje en ‑tee oer te gean.” Elkenien dy’t it belangryk fynt, kin meidwaan yn de wurkgroep. Oanmelde by j.wijbenga@waadhoeke.nl.

april 23, 2019 12:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.