Van Mourik hâldt op as foarsitter FNP

april 27, 2019 19:08

Cees van Mourik fan de Gaastmar hâldt op as foarsitter fan de FNP. Doe’t Van Mourik twa jier lyn it foarsitterskip fan de partij op him naam, makke er fuortdaliks syn betingst bekend: “Ik doch it foar in perioade fan twa jier. As de partij by de provinsjale ferkiezingen yn 2019 net groeit, hâld ik dermei op.” Hy konstatearret no dat de FNP yn it geweld fan Foarum foar Demokrasy wol syn fjouwer sitten beholden hat, mar net groeid is. De konsekwinsje is dat er syn funksje delleit.

De FNP wol de ynsleine koers fan fernijing en ferbreding trochsette. It haadbestjoer sil in nije foarsitter sykje en oant salang sil vice-foarsitter Cees Nieboer it foarsitterskip waarnimme. It ôfskied fan Van Mourik sil yn maaie wêze op de Algemiene Ledegearkomste fan de FNP.

april 27, 2019 19:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.