Utrikking Libris Literatuerpriis by Nieuwsuur

april 29, 2019 20:25

Op moandeitejûn 6 maaie makket sjueryfoarsitter Jet Bussemaker, âld-minister fan Kultuer, yn Nieuwsuur de winner fan de Libris Literatuerpriis 2019 bekend. Dat bart streekrjocht út it Amstel Hotel yn Amsterdam wei.

Ofbylding: NTR/NOS

De nominearre skriuwers komme oan it wurd yn in reportaazje fan Tonko Dop út it Amstel Hotel wei. Dêrnei skeakelet Nieuwsuur streekrjocht oer nei it buorkundich meitsjen fan de winner. Oan ’e ein fan de útstjoering praat presintator Jeroen Wollaars út de studio yn Hilversum wei mei de winner.

De nominearre skriuwers fan 2019 binne:
Jan van Aken – De ommegang (Querido)
Johan de Boose – Het vloekhout (De Bezige Bij)
Rob van Essen – De goede zoon (Atlas Contact)
Esther Gerritsen – De trooster (De Geus)
Bregje Hofstede – Drift (Das Mag)
Ilja Leonard Pfeijffer – Grand Hotel Europa (De Arbeiderspers)

De winner kriget 50.000 euro. Ferline jier wûn Murat Isik de Libris Literatuerpriis foar Wees onzichtbaar.

Nieuwsuur is te sjen op NPO 2 om 22.00 oere.

april 29, 2019 20:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.