Unike bylden weromfûn fan John en Yoko op bêd

april 1, 2019 07:45

Filmploegen út de hiele wrâld wiene by de Bed-in for Peace fan John Lennon en Yoko Ono yn it Hilton Hotel yn Amsterdam yn 1969. De ferneamde bylden giene de hiele wrâld oer. Fyftich jier letter is der unyk byld fan dat momint oan it ljocht kaam.

Foto: Wikipedia/Eric Koch – Anefo (publyk domein)

Neffens Beatles-histoarikus giet it om it twadde diel fan in dokumintêre dy’t yn 1969 makke waard oer de besite fan John en Yoko oan Amsterdam en Wenen. Jan Hovers wurke yn de tachtiger jierren by de KRO doe’t dêr it argyf fanwege te min romte opromme waard. Der stie in doaze mei de wurden ‘John Lennons Honeymoon, Part two’ derop. Hy naam de doaze mei nei hûs ta, oars wie dy de ôffalkontener yn gien.

De dokumintêre is makke troch de Nederlânske regisseur Peter Goessens. Mei syn kameraman Mat van Hensbergen mocht er it pear folgje as oare sjoernalisten alwer fuortstjoerd wiene. It smyt bygelyks bylden op fan John en Yoko dy’t nei harsels op telefyzje sjogge, wylst se wat ite. It bysûndere oan de film is dat er yn kleur is. Jan Hovers hie de film al jierren yn syn kelder lizzen. Hy miende dat it om in kopy gie. Hy tocht der wer oan om’t fan ’e wike it jierrich jubileum fierd wurdt fan John en Yoko yn it Hilton Hotel fyftich jier lyn.

april 1, 2019 07:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.