Ulepeallen by Sintrale As lâns

april 5, 2019 08:29

Omdat der op autodiken altyd in soad ûlen dea reitsje binne koartlyn op de hektometerbuordsjes oan de Sintrale As tusken Dokkum en de Westereen rôlers befêstige. Dêr wurdt mei tefoaren kommen dat ûlen dêrop sitten geane. Se fine in feiliger sitplak op de ûlepeallen dy’t wat fierder fan de dyk ôf steane. Dêr steane der no goed hûndert fan. Fan dy nije hege peallen ôf kinne se feilich fuortfleane. Deputearre Johannes Kramer en de foarsitter fan de wurkgroep tsjerkeûlen Johan de Jong setten tegearre in nije peal, makke fan werbrûkmateriaal.

De maatregel is yn oparbeidzjen mei dy wurkgroep betocht. In eardere proef oan de autodyk by Beetstersweach levere op dat der gâns minder ûlen oanriden waarden. De Sintrale As hat in primeur. Ferwachte wurdt dat de keunststof peallen fyftich jier meigeane en dêrnei wer opmakke wurde kinne foar oare doelen.

De Sintrale As rint dwers troch in tal wichtige libbens- en jachtgebieten fan ûlen hinne. Johan de Jong ferwachtet dat troch de peallen hiel wat ûlelibbens rêden wurde. De goudûle stiet boppe-oan yn de list mei fûgelsoarten dy’t alle jierren yn it ferkear sneuvelje. Neffens rûzingen komt hast de helte fan alle goudûlen yn it ferkear oan syn ein.

Nei it sukses by Beetstersweach is yn Noord-Holland ûnderwilens ek in proef mei ûlepeallen fan hout oan de A7 útein set.

Foto’s: Provinsje Fryslân
april 5, 2019 08:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.