Trije nije minuskule kikkertsoarten ûntdutsen

april 3, 2019 12:23

Op Madagaskar binne trije nije tige lytse kikkertsoarten ûntdutsen. It amfiby is astronomysk lyts en hat harsens sa lyts as in spjeldekop.

Foto: Wikipedia/Thomas Brown – lisinsje CC BY 2.0)

De trije soarten mei de wittenskiplike nammen Mini mum, Mini ature en Miniscule binne “astronomysk lyts”, neffens wittenskipper Mark Scherz, evolusjonêr biolooch oan de Ludwig-Maximilians-Universität yn München. Hy hat de trije nije kikkertsoarten beskreaun yn in stúdzje dy’t ferline wike publisearre waard yn it tydskrift PLoS ONE. De minys fertsjintwurdigje in nij geslacht fan mikrokikkerts.

De harsens fan de bistkes binne net grutter as in spjeldekop. Se hawwe alle organen dy’t minsken ek hawwe, mar dan yn in lyfke dat fjouwer kear sa lyts is as de neil fan in tomme. De lytste soart, Mini mum, is likernôch sa grut as in nytsje, oftewol acht oant tsien milimeter lang.

april 3, 2019 12:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.