Telekomkoal

april 10, 2019 10:00

Foto: Unsplash

In wykmennich lyn fregen wy ús lêzers om in nij Frysk wurd te betinken. De oprop seach der sa út:

Jo kenne grif wol fan dy minsken dy’t yn in restaurant sitte en net mei-inoar prate, mar hieltiten op ‘e mobile telefoan omtomkje. Of dy’t midden op ‘e stoepe rinne en as jo der lofts bylâns wolle, nei lofts ta slingerje, en wer nei rjochts as jo der dan rjochts omhinne wolle. Slagget it jo om se te passearjen, dan sjogge jo dat se net nei de wrâld sjogge, mar op it skermke fan ‘e mobyl. Of se sitte op ‘e fyts te beljen. Der binne sels healewizen dy’t soks efter it stjoer fan in ridende auto úthelje.

Ien dy’t oan ‘e drank is, neame wy in dronkelap of in sûplap. Ien dy’t rûch mei guod omgiet, neame wy in rûchhouwer of in lompert. Ien dy’t it ferstân net by de kilo mar by it ûns kocht hat, neame wy in domkop of in sûch. Mar wat wurd brûke wy om ien te beneamen dy’t op in yrritante of gefaarlike wize oan syn mobile telefoan fêstplakt sit? Fan sa’n wurd is wol ferlet, net inkeld om sokken útskelle te kinnen, mar ek om oer har prate te kinnen sûnder yngewikkelde omskriuwings.

Ut de ynstjoeringen hawwe wy it wurd telekomkoal fan Johan Terpstra útkeazen. It is in bytsje lêbich en dat mei, mar it is ek grappich en makket dúdlik dat it giet om in persoan mei in telefoan dy’t him op in ûnhandige wize hâldt en draacht. As Terpstra ús syn kontaktgegevens efkes trochjaan wol, kriget er in pryske tastjoerd.

april 10, 2019 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.