Tal startershypoteken yn Fryslân mei 15% ôfnaam

april 11, 2019 10:40

It tal Friezen dat in hypoteek oanfreget foar de oankeap fan harren earste hûs is yn in jier tiid mei 15% ôfnaam. Dêrmei is Fryslân de provinsje dêr’t it tal oanfrege startershypoteken it hurdst ôfnaam is. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan online bank Knab op basis fan HDN-data.

Ofbylding: pixabay.com

Tal startersoanfragen nimt ek lanlik ôf
De konstante stiging fan de huzeprizen yn de ôfrûne jierren, soarge der net foar dat it tal starters dat in hypoteek oanfrege ôfnaam. Sûnt 2015 naam it al startersoanfragen yn it earste fearnsjier yn trochsneed mei acht persint ta. Oan dy trend kaam yn 2018 al in ein en de ôfnimmende trend set dit jier troch. Lanlik sjoen fregen starters yn it earste fearnsjier fan 2019 goed sân persint minder hypoteken oan (30.979) as in jier lyn.

Trochsneed hypoteekbedrach yn Fryslân stabyl: € 187.552
Lei de oanfrege hypoteek lanlik goed 5% heger as in jier lyn, yn Fryslân is it trochsneed hypoteekbedrach ûnder starters mar mei 1% omheechgien nei € 187.552. Knab ferlike dêrfoar de trochsneed bedraggen yn it earste fearnsjier fan 2019 en 2018. It trochsneed hypoteekbedrach foar starters leit lanlik op € 254.330. Starters yn Noard-Hollân binne fierwei it djoerste út. Yn it earste fearnsjier fan 2019 fregen dy foar yn trochsneed € 317.168 in hypoteek oan.

Neffens Knab litte de sifers sjen hoe dreech oft it foar starters is om in earste hûs te keapjen. Foaral yn de Rânestêd gean de huzeprizen hieltyd mear omheech. Dat hieltyd minder starters in hypoteek oanfreegje, seit in protte oer de benearjende situaasje dêr’t se yn sitte.

april 11, 2019 10:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.