Sybren Singelsma: Bysûnder ûnderwiis op terroristyske grûnslach

april 16, 2019 08:17

Kollum

Frjemdlingen dy’t yn Nederlân ynboargerje, moatte har tsjintwurdich trou ferklearje oan de Nederlânske grûnwearden. Dat is opmerklik, want de lêste kear dat de grûnwet oanpast waard, koene de ferpyldere Nederlanners sels it dêr noch net oer iens wurde. Dêr wie Nederlân noch te ferpyldere foar. Mar no wurdt bûtenlanners yndruid dat tolerânsje in Nederlânske kearnwearde is. As se dat mar efkes goed begripe wolle!

En respekt foar de grûnwet. In grûnwet dy’t yn Nederlân yn 1917 in ein meitsje moast oan de godstsjinststrideraasjes, dêrom dat it oannimmen fan dy grûnwet as ‘de pasifikaasje fan 1917’ de skiednis yngien is. En omdat in protte artikels yn de grûnwet algemiene formulearringen binne dy’t fierder by wet regele wurde, falt it op dat de frijheid fan ûnderwiis tige detaillearre yn de grûnwet beskreaun wurdt:

23.6. Deze eisen worden voor het algemeen vormend lager onderwijs zodanig geregeld, dat de deugdelijkheid van het geheel uit de openbare kas bekostigd bijzonder onderwijs en van het openbaar onderwijs even afdoende wordt gewaarborgd. Bij die regeling wordt met name de vrijheid van het bijzonder onderwijs betreffende de keuze der leermiddelen en de aanstelling der onderwijzers geëerbiedigd. 

Konkreet betsjut dat dat de belestingbeteller alles betelje mei, mar hy mei him net ynlitte mei de ynhâld fan de learmiddels en it oanstellen fan de leararen. Lit ús sizze dat mei dat artikel yn alle gefallen in godstsjinstoarloch tusken dy tolerante Nederlanners tefoaren kommen is. De grûnwet fan 1917 yntegrearre de pylders yn it funksjonearjen fan de steat en sa wie de pasifikaasje fan dy tolerante Nederlanners in feit.

Dy ferpyldering is ûnderwilens skiednis, mar de grûnwet net. It bysûnder ûnderwiis wurdt noch hieltyd troch de belestingbeteller finansiere en it is iverich op ’e siik nei nije sieltsjes yn de striid om it bestean.

Makke de grûnwet de ‘soevereiniteit yn eigen fermidden’ mooglik om de Nederlânske mienskip net desyntegrearje te litten, no wurdt dyselde ûnderwiisfrijheid brûkt troch sawol guon groepen leauwigen, as troch in stik of wat lannen dy’t kontrôle hâlde wolle op harren emigrearre lânslju, om krekt net te yntegrearjen. It draacht by oan it fuortbestean litten fan parallelle mienskippen, mei eigen regels lykas de sjaria. Wa fernuveret it as personiel op ús skoallen yntolerânsje ûnderwiist? Westerske wearden ôfwiist en houliken arranzjearret mei partners út it lân fan oarsprong? Frouljusbesnijenis oanpriizget? Boppedat, se hâlde har dochs perfekt oan de Nederlânske grûnwet?

En dêr hawwe se hielendal gelyk yn. Fansels hâldt de oerheid tasicht, mar dat kin nea tsjin it fûnemintele prinsipe yngean. It liket dêrom de heechste tiid om dat fûnemintele prinsipe te feroarjen. As wy wolle dat skoallen plakken fan yntegraasje wurde dêr’t ûnderwiis jûn wurdt op grûn fan universele wearden, dan moatte wy artikel 23 fan de grûnwet oanpasse, foardat der werklik in bysûndere skoalle op terroristyske grûnslach stichte wurdt.

drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
april 16, 2019 08:17
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Kerst Huisman april 16, 09:51

    Kreas stik fan Sybren Singelsma. Ik haw der fierders gjin kommintaar op, mar stean der alhiel efter. Wol ien lytse opmerking noch: ik tink dat dy godstsjinstpasifikaasje fan 1917 net los sjoen wurde kin fan de soargen yn behâldende rûnten oer de mooglikheid fan in sosjale revolúsje. De Russyske revolúsje wie al oan de gong, der hie in revolújonêre opstân west yn Ierlân en de wie ek grutter wurdende ûnrêst ûnder de soldaten dy’t nu al hast trije jier mobilisearre wienen. Net foar neat hawwe de konfessjonelen de sosjaal-demokraty sa fier krigen om hjir mei yn te stimmen as de konfessjonelen dan mar foar de ynfiering fan it algemien kies- en stimrjocht wêze woenen. Sa kaam dat der ek.

  2. Sybren april 16, 21:58

    Kerst Huisman hat hielendal gelyk as er seit dat der by de pasifikaasje mear te sjen kaam, lykas de kieswet.
    Mar mei 400 wurden moatte je kieze.
    Lykwols soe it wichtich wêze dat de oanbefellingen fan de Kommisje Remkes ris goed besjoen wurde, ek yn Fryslân.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.