Skotske premier pleitet iepentlik foar ûnôfhinklikens

april 29, 2019 19:52

Nicola Sturgeon (foto: Wikipedia)

“Wy moatte no stipe freegje om flugger ûnôfhinklik te wurden.” Dat sei de Skotske minister-presidintske Nicola Sturgeon ôfrûne wykein op in ledegearkomste fan har partij, de Scottish National Party. Neffens frou Sturgeon is de tiid fan it Feriene Keninkryk foarby.

“It Britske parlemintêre systeem is fallyt”, sei hja. Hja wiisde derop dat de politike ûntjouwings oangeande de Brútstap de lêste trije jier útwizing dien hawwe dat de Britske demokrasy foar Skotlân net wurket. Oars as Ingelân wol de befolking fan Skotlân yn mearderheid by de Europeeske Uny bliuwe.

“Wy moatte derfoar soargje dat net ien Britsk regear de Skotten it rjocht mear ûntnimt om sels te kiezen wat hja wolle”, sei frou Sturgeon.

april 29, 2019 19:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.