Skoalbern en einekoaien

april 12, 2019 13:24

Talmakoai, Ingwierrum (loftfoto frij fan rjochten)

Dizze maitiid geane sawat trijehûndert skoalbern mei de klasse op ekskurzje nei in einekoai. Dat dogge se yn it ramt fan it nije lesprogramma ‘Einekoai foar de groepen 7 en 8’. Dat is ûntwikkele nei in opknapprojekt fan einekoaien by de Waadkust lâns.

It wurk fan in koaiker en einekoaien as lânskipselemint binne net botte bekend. Gjin wûnder, want einekoaien lizze ferskûle efter in rige beammen en it is der al iuwenlang stil troch it  rjocht fan ôffreedzjen.

Einekoaien komme yn it hiele lân foar, mar benammen yn de kustprovinsjes en it rivieregebiet. Foarhinne wiene der 142 oan de Waadkust, no noch mar tritich. Stichting Erfgoed & Publiek hat in lesprogramma makke dêr’t bern de ferburgen pearels mei ûntdekke kinne. It bestiet út in ekskurzje, kant-en-kleare lessen dêr’t in leskiste en fideo’s foar beskikber binne. It is fergees en universeel foar alle einekoaien.

Iuwenâld
By de Waadkust lâns binne al sûnt de midsiuwen einekoaien. Dy binne oanlein foar it fangen fan einen foar konsumpsje en hannel. In protte giene nei lúkse restauranten yn Londen en Parys. Dêr woene se goed betelje foar einefleis ‘sûnder lead’. Foar it fangen hawwe de koaien tsjintwurdich gjin betjutting. It binne no bysûndere stikjes natuer.

Kongsi
It lesprogramma is ûntwikkele yn opdracht fan seis griene organisaasjes, de koaikersferiening en de provinsjes Fryslân, Noard-Hollân en Grinslân. Dy hawwe in bûn sletten om de lêste koaien foar it Waadgebiet yn stân te hâlden: de Kongsi van de eendenkooi. Dy knapte 24 einekoaien op, dy’t dêrmei harren koai- en ôffredingsrjocht hâlde.

It lesprogramma is te boeken op www.erfgoed-onderwijs.frl/eendenkooi.

april 12, 2019 13:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.