Skip fûgel lân

april 6, 2019 09:30
Boppe de Waadeilannen rint ien fan de drokste skipsfeartrûtes fan Europa. De kâns op ûngelokken is net lyts. Begjin jannewaris gie it mis doe’t it Panamese frachtskip MSC Zoë 345 konteners mei gefaarlike stoffen en plestik rotsoai ferlear. In ekologyske ramp. Mei de gas- en sâltwinning is it de safolste oanslach op it Waddengebiet, dat sûnt 2009 ‘Unesco Werelderfgoed’ is. De Waddenvereniging skreau begjin maart oer alle troep op see: ‘Microplastic en piepschuimkorrels en andere rotzooi van de MSC Zoë zullen langdurig in het zeemilieu verblijven met gevolgen voor het zeeleven en uiteindelijk ook de mens.’

Skip fûgel lân

‘Substitute’, The Who

Iepensnien lei my it lichem ûnder
de kust syn skomflokjende hoarizon.

In Fundgrube fan rotsoai en ramsj
wie ik. De mage pûle út fan alles

wat ûnfergonklik ivichheid yn hie:
just plastic, sa’t ik fan kop oant sturt

en fan wjok oant wjok al opset wie
eardat ik út eigen fearren opgean koe.

’t Wie ûnder de slach fan de toer dy’t
by Wierum oer de kegen klapte dat

ik út myn dreamen wekker skeat,
kjel by alle flokjende snie, kerls mei

gjin oare siele as dy fan domme oalje.
En dêr’t hagel, driftkjendewei, wyt

it boulân gisele, wist ik: We’re all
born with a plastic spoon in our mouth…

©Eeltsje Hettinga – Dichter fan Fryslân 2018/2019

april 6, 2019 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.