Simone Djurrema: Wurk

april 13, 2019 20:00

Kollum

Doe’t wy hjirhinne ferhuzen, wie it noch krekt net sa as by it tv-programma Ik vertrek. Dêr komme faak de minsken yn dy’t de taal noch net sprekke en neat taret hawwe. Wy koene de taal yn alle gefallen al in bytsje, al wie it net om oer nei hûs te skriuwen. Gelokkich bin ik gek op talen, want dan learst it it gaust.

Nei twa en in heale moanne, ein maaie 2015, hie ik wurk by de thússoarch. Eins seach ik it hielendal net sitten, mar as je je rêde wolle, moatte je net seure mar oanpakke. Nei in pear dagen bliek ik it prachtich te finen en sei ik tsjin elkenien dy’t it hearre woe: “Ik bin bliid dat ik it besocht haw, want dit is folle moaier as ik tocht. Boppedat leau ik no dat it neat útmakket wat men docht, as de kollega’s en, yn dit gefal, de âldelju mar noflik binne.”

Wy binne hast fjouwer jier fierder en ik fyn dat spitigernôch net mear sa. It hat hiel moai west en it is wichtich wurk. It wie ek moai dat ik net safier hoegde te reizgjen en dat ik tiid hie foar de besite yn de simmers en sa. Mar ik bleau mar wurch. Ik tocht dat it oan allegearre oare dingen lei. Der wie ek fan alles, en dêrom miende ik dat it better wie om maklik wurk te hawwen. Ik bin fansels net oplaat foar de thússoarch, dat ik hoech gjin heechsteande opjeften út te fieren. Ik tocht dat dat wol wat rêst jaan soe nei de emigraasje en sa, mar ik haw wat nijs leard: ûnderstimulearring of Bore-out.

Dat betsjut eins dat je je ûngelokkich ferfele op it wurk en dêr hiel wurch fan wurde kinne. Dat ‘al dy oare dingen’ hiene miskien net sa swier woegen as ik mear ferdivedaasje op it wurk hân hie. Miskien, want no moat ik der fansels efter komme oft it wier is of net. En dêr sit ik oer yn. Stel dat ik wurk mei mear útdaging en ferantwurdlikheden krij, wylst it eins te folle is, dan gean ik dus op ’e snute.

Trije moanne lyn haw ik myn wurk opsein. Sa lang is de opsistermyn. Dêr woe ik gjin wurk om misrinne. Ferline jier haw ik alris te praten west by in mooglik nije wurkjouwer. Ik hoopje eins op dy dreambaan. Mar se hawwe noch hieltyd gjin fakatuere útset. Eins lit ik alles dêrfan ôfhingje, al bin ik der wis fan dat ik it krije kin. Ik sis net wat it is, as ik dy baan krij, hearre jimme it echt wol!

Yn de tuskentiid haw ik sollisitearre op fakânsjewurk yn it toerisme foar it gefal ik noch net in fêste baan fyn. Dat fyn ik ek echt wol moai. Ferdivedaasje, simmerdrokte en foaral: frjemde talen! Dêrneist haw ik sollisitearre op ferskillende plakken as filiaalliedster yn winkels. Ik woe dochs wat mear stimulearre wurde? Dan moat ik mar wat mear ferantwurdlikheden hawwe, tocht ik sa. In bytsje mear sels neitinke moatte en beslissingen nimme. Myn opliedingen en myn ûnderfining jouwe my wol wat mooglikheden. Mar nei alle gedachten net hjir yn Mellerud. Ik sil misskien pindelje moatte. No hawwe we hjir gelokkich in treinstasjon op noch gjin tsien minuten riden, dat ik bin samar in ein fuort.

Buorfrou Britt-Marie

Earjuster haw ik mei in buorfrou praat dy’t in tradisjoneel restaurantsje hat yn in âlderwetsk read húske, dêr’t se allinnich Sweedske bôle bakt yn in stienoven en dy ferkeapet mei kofje, tee of oar drinken. Mear as dy bôle mei raspe tsiis stiet der net op it menu, mar de Sweden én de toeristen binne der gek op! Se hâlde dêr bytiden stil mei bussen fol minsken, soms wol fiifensechstich stiks om ‘klengås’ te iten. Britt-Marie wist dat ik myn wurk opsein hie en frege oft ik net in seizoen by har komme woe te wurkjen en ik haw it tasein. Wer net krekt wat ik wol, mar elkenien seit dat it dêr in hiel goede sfear is en bytiden moatte we der bêst tsjinoan mei safolle klanten, dat ik leau dat ik it wol nei it sin hawwe sil by http://www.hamrane.se/

Dat foar dyjingen dy’t dit jier op fakânsje nei Sweden geane en oer de E45 reizgje: fan Erikstad ôf is it noch mar in pear minútsjes, dat dan ferwachtsje ik jimme foar de kofje!

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.

 

april 13, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.