‘Selsmoardwapen’ Vincent van Gogh wurdt feile

april 4, 2019 10:28

Selsportret Vincent van Gogh (ôfbylding: Wikipedia – publyk domein)

It wapen dêr’t skilder Vincent van Gogh nei alle gedachten himsels mei tekoart dien hat, wurdt feile. Op 19 juny wurdt de revolver ûnder de hammer brocht by it Frânske feilinghûs Auction Art. It foarwerp wurdt troch guon minsken omskreaun as it bekendste wapen út de wrâldwide keunstskiednis. It waard yn de jierren 60 fûn yn in fjild bûten it Frânske doarp Auvers. Op dat plak skeat Van Gogh himsels op 27 july 1890 yn it boarst. Hy wie doe 38 jier.

It swier ferrustke foarwerp hie fyftich oant tachtich jier yn de grûn lein en stie net mear yn de feilichheidsstân, wat derop wiist dat dermei sketten wie. It feilinghûs giet derfan út dat it wapen oant 60.000 euro opbringe kin. Neffens saakkundigen wie de revolver net krêftich genôch om jinsels mei tekoart te dwaan. Dat soe ferklearje wêrom’t Van Gogh pas twa dagen letter ferstoar.

april 4, 2019 10:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.