Sa lit de oerheid it smoken útstjerre

april 26, 2019 13:16

Foto: Wikipedia/Chmee2 – lisinsje CC BY-SA 3.0

Yn 2040 moat net ien jongkeardel of jongfaam mear in sigaret opstekke. De jonge generaasje fan dan moat de earste wêze dy’t folslein fan it smoken ôf is. Om dat foarinoar te krijen nimt de oerheid de kommende jierren ferskate maatregels. Dy steane yn it saneamde Nationaal Preventieakkoord.

Fan 2020 ôf mei tabaksguod allinnich mar mear ferkocht wurde yn griisgriene pakjes sûnder dúdlike ferskillen tusken de merken.

Steatssekretaris Paul Blokhuis fan folkssûnens wiist derop dat guon oare lannen al ferlykbere maatregels nommen hawwe. Hy seit: “Een standaardverpakking kan, naast de verplichte gezondheidswaarschuwingen, enkel de merknaam, de merkvariant, de producentgegevens en de barcode in een vastgestelde kleur, lettertype en lettergrootte bevatten.”

Boppedat giet de aksyns op tabak omheech. In pakje sigaretten sil dêrtroch likernôch in euro djurder wurde. It doel is dat de priis fan sa’n pakje yn 2023 om ‘e tsien euro hinne leit. Help by it ophâlden mei smoken wurdt yn alle basisfersekerings opnommen.

In oare maatregel dy’t takom jier yngiet, is dat tabaksguod net mear sichtber yn ‘e winkel lizze mei. Klanten moatte der spesjaal om freegje. Winkellju kinne smokersguod yn in laad of ûnder de toanbank bewarje. Der komt in útsûndering foar tabakssaken, dy’t har ynkomsten benammen út de ferkeap fan smokersguod helje. Dy meie lykwols fan 2021 ôf gjin reklame mear op ‘e gevel of op buorden bûten de winkel hawwe.

De kommende jierren wurde mear maatregels nommen. Sa moat it smoken yn boarterstunen, yn soarchynstellings, by sportferienings, op skoalpleinen en op bernebuorkerijen yn 2025 ferbean wêze. De oerheid praat mei winkels ôf dat se ophâlde mei de ferkeap fan tabak. De winkels Lidl en Kruidvat hawwe al tasein dat hja smokersguod út it assortimint helje. Sigarette-automaten wurde fan 2022 ôf ferbean. Op it wurk en yn ‘e hoareka wurdt smoken folslein ferbean. Spesjale smokersromten wurde net langer tastien. It ferbod sil tenei ek jilde foar elektroanyske sigaretten.

Mear ynformaasje oer de nije maatregels binne te finen yn it Nationaal Preventieakkoord. Dat is hjir te finen: link.

april 26, 2019 13:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.