Sa bringe jo huorren yn gefaar

april 10, 2019 07:00

Foto: Unsplash

It ferbieden fan huorkerije is gefaarlik. Dochs wol de Sweedske oerheid prostitúsje net legalisearje. It ferbod hat in polityk karakter. Dat seit Jari Kuosmanen, sosjolooch oan de universiteit fan Goatenburch. Hy reagearret dêrmei op in petysje om huorkerije yn Nederlân te ferbieden.

Dy petysje is in inisjatyf fan Exxpose, in aksjegroep tsjin prostitúsje. Sa’n fjirtichtûzen minsken hawwe de petysje ûnderskreaun. De Nederlânske pornomakster en prostituee Yvette Luhrs neamt de petysje “doodeng”. Hja wiist derop dat it ferbod yn Sweden, Noarwegen en Frankryk derta laat hat dat de huorkerije him fan de strjitte nei ynternet ferpleatst en minder goed te kontrolearjen is. Boppedat bliuwe der allinnich huorkerinders oer dy’t har fan ‘e wet neat oanlûke en dat binne net de bêsten. It geweld tsjin ‘e froulju mei in winkeltsje ûnder de rok nimt dêrtroch ta. Frou Luhrs pleitet foar it normalisearjen fan it âldste berop fan ‘e wrâld. Yn Nij-Seelân is dat ek dien.

Human Rights Watch moat ek neat hawwe fan in ferbod op prostitúsje. In wurdfierder seit: “Der is mear geweld, it is dreger om in feilich ôfwurkplak te finen en it is dreger om nei de plysje ta te stappen.” Amnesty International wiist ek nei Nij-Seelân, dêr’t huorren normale wurknimmersrjochten hawwe en dêr’t yllegale prostitúsje en geweld tsjin ‘e froulju ôfnommen is.

Undersiker Kuosmanen wiist op fjouwer ûndersiken nei de gefolgen fan it Sweedske ferbod. Dy wize allegear út dat de Sweedske ferdivedaasjefroulju net minder klanten krige ha, mar dat it geweld tsjin harren wol tanommen is en dat de prostitúsje minder sichtber wurden is. Omdat in grutte mearderheid fan ‘e Sweden tsjin prostitúsje is, wol it regear gjin nij ûndersyk.

Yn Nederlân is prostitúsje net strafber, al stelle gemeenten der wol faak regels foar op. Guon gemeenten easkje dat prostituees in wurkfergunning oanfreegje, oaren stelle in minimumleeftyd fan 21 jier.

april 10, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. RobMokum april 11, 10:53

    Wat der hjir net by sein wurdt is dat Exxpose kristlik oriïntearre is. Dan is huorkerij fansels nea goed te praten. Mei ien dy’t tinkt moreel boppe in oar te stean is it dreech diskusjearjen. Dat is bgl. hjir ek wolris te sjen by guon artikels.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.