Rembrandtútstalling Frysk Museum no te sjen yn Kassel

april 14, 2019 08:54 Fernijd

Rembrandt van Rijn, Saskia en profil yn rike klaaiïng, 1633-1642, Museumslandschaft Hessen Kassel, Gemäldegalerie Alte Meister

De útstalling Rembrandt & Saskia: Leafde yn de Gouden Iuw fan it Frysk Museum is sûnt freed 12 april te sjen yn Gemäldegalerie Alte Meister yn it Museumlandschaft Hessen-Kassel.

De útstalling dy’t yn it Frysk Museum 76.826 besikers luts, is ûnder de namme Kassel… verliebt in Saskia. Liebe und Ehe in Rembrandts Zeit oant en mei 11 augustus te sjen yn it Dútske Kassel. De útstalling wie ûnderdiel fan it temajier Rembrandt & De Gouden Iuw 2019 en is in gearwurking tusken it Frysk Museum en Gemäldegalerie Alte Meister yn it Museumlandschaft Hessen-Kassel.

Fan 24 novimber 2018 o/m 17 maart 2019 presintearre it Frysk Museum yn Ljouwert Rembrandt & Saskia: Leafde yn de Gouden Iuw. Rembrandt van Rijn en Saskia Uylenburgh foarmen de reade tried yn in útstalling oer it societyhoulik yn de santjinde iuw. Mear as 250 objekten fertelden hoe’t lok en leed yn dy tiid dield waarden. Dêrby wie omtinken foar alle aspekten fan de leafde, fan de earste hofmakkerij en oerdiedige brulloften oant de tsjustere kanten fan it houlik lykas bernestjerte en oerhoer.

april 14, 2019 08:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.