Rely Jorritsmapriis: noch oant 12 maaie ynstjoere

april 23, 2019 11:01

Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant 12 maaie syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere. De sjuery, dy’t de ynstjoeringen anonym hifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro.

De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan ynfo@stiftingflmd.nl Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery, besteande út Karen Bies, Douwe Kootstra en Inge Heslinga.

Foar mear ynformaasje sjoch www.stiftingflmd.frl of skilje mei Antje Postma, telefoan 06 53 12 77 99.

april 23, 2019 11:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.