Redbad en Radboud

april 27, 2019 08:00 Fernijd

Redbad en Radboud

Wy kenne Redbad, de Fryske kening dy’t yn it jier 719 stoar en wy kenne de Redbad- of Radboudtsjerke fan Jorwert. Se sille dêr de tsjerke dochs net neamd hawwe nei in kening dy’t him by eintsjebeslút net dope litte woe? En hoe komt it Radboudsikehûs yn Nimwegen oan syn namme? Sawol yn Jorwert as yn Nimwegen giet it net om kening Redbad mar om biskop Radboud, dy’t libbe fan ûngefear 850 oant 917. Dy waard berne út in famylje fan grutlju yn de omkriten fan it Belgyske Namen. Syn mem wie lykwols fan Frysk komôf. Sy wie in ôfstammeling fan kening Redbad.

Radboud, de lettere biskop, krige in oplieding ta pryster, earst ûnder de hoede fan syn omke oan memmekant Günther, dy’t fan 850 oant 863 aartsbiskop fan Keulen wie. Nei 863 ferfette er syn stúdzje oan de hôfskoalle fan de West-Frankyske kening Karel de Keale (843-877). Fan dy kening waard Radboud de kapelaan, mar nei’t de kening stoarn wie, die Raboud nei alle gedachten syn yntree as muonts yn it ferneamde Sint-Martinuskleaster fan de benediktiner oarder yn it Mid-Frânske Tours.

Radboud. Muorreskildering fan de Broeretsjerke yn Swol

Yn 899 waard er biskop fan Utert. Dy stêd wie troch de Wytsingen (Noarmannen) ferrinnewearre, dat dêrom wie de biskopssit yn dy tiid ferpleatst nei Dimter. Yn syn funksje as biskop wie Radboud de belangrykste fertsjintwurdiger fan it East-Frankyske bewâld yn noardlik Nederlân. Doe’t yn 911 it hartochdom Lotharingen, dêr’t it bisdom Utert yn lei, ûnder it West-Frankyske ryk kaam te fallen, wist Radboud net rjocht oft er trou oan syn âlde kening bliuwe soe of dat er him by de nije foarst oanslute soe. Der is in âlde libbensbeskriuwing dêr’t it yn liket as soe er in tsjinstanner west hawwe fan it ynskeakeljen fan biskoppen yn it East-Frankyske ryksbestjoer, mar it is net wis oft er dat sels fan betinken wie of dat de auteur dêr syn eigen miening yn nei foaren brocht.

Underwilens rette Radboud it weromgean ta fan de biskopssit nei Utert. Der moast ûnder mear in list opsteld wurde fan alle besittingen fan it bisdom fan fóár it ferdriuwen troch de Wytsingen. It útfieren fan dy plannen hat Radboud lykwols sels net meimeitsje kinnen. Hy stoar yn 917 yn Ootmarsum en waard byset yn de Lebuïnustsjerke fan Dimter.

Geskriften
Der wurde in stikmannich geskriften oan Radboud tawiisd, mar it is net altyd wis oft er dy sels wol skreaun hat. De measte dêrfan binne hilligelibbens (hagiografyen), guon yn proaza, oare yn fersfoarm. Se geane oer de Angelsaksyske sindelingen Bonifatius, Suitbertus en Lebuïnus en oer de hillige Amalberga en biskop Servatius fan Maastricht. Oan Martinus fan Tours (patroan fan it kleaster yn Tours én fan Utert) wijde er ferskeidene dichtwurkjes.

Syn gedicht ‘De hirundine’ (oer de swel) is it iennige ûnder de bewarre bleaune gedichten dat net oer in godstsjinstich ûnderwerp giet. Faaks dat it makke is doe’t er noch studearre. It hat alle kâns dat it âldste Nederlânske gedicht is.

Vita Radbodi
Wat fan it libben fan Radboud bekend is, kenne we, behalven út kroniken, oarkonden en syn eigen geskriften, út in hilligelibben, Vita Radbodi, dat neffens resinte stúdzjes tusken 962 en 975 skreaun wêze moat, nei alle gedachten troch in Utertse kanunnik.

It is in typysk foarbyld fan in midsiuwske hagiografy. Radboud wurdt foarsteld as in jongkeardel dy’t alles witte woe en dy’t nei in bûtengewoan brede stúdzje ta it biskopsamt roppen waard. Hy wurdt ‘learaar yn neisteleafde’ neamd, want hy wie in freon fan minsken yn need en lei him ta op it beoefenjen fan barmhertichheid. Wûnderaardige foarfallen, bliken fan frommens en trochtaastend optreden ûntbrekke net. Hy soe sels in konfrontaasje mei de Wytsingen oandoard hawwe.
Neffens dat hilligelibben soe Radboud ek tsjerklike sangen skreaun hawwe, mar dy binne net bewarre bleaun.

Dêr wurdt ek yn ferteld dat Radbod fan de kening Radbod ôfstamme.

Universiteit en sikehûs
Radboud, dy’t in grut part fan syn libben oan stúdzje en wittenskip joech, kaam yn de wittenskipssintra fan it doetiidsk kristlike Europa lykas Keulen, Compiègne en Tours, yn ’e kunde mei it brede spektrum fan de wittenskippen. Hy brûkte syn kennis yn tsjinst fan oaren en mei dêrtroch groeide er út ta beskermhear fan it roomsk-katolike heger en universitêr ûnderwiis. De stichting dy’t in katolike universiteit yn Nederlân tarette, waard yn 1905 dan ek nei him neamd: de Sint-Radboudstichting. Yn 1923 waard yn Nimwegen de Katolike Universiteit iepene, dy’t yn 2004 omdoopt waard ta Radboud Universiteit Nijmegen. It dêrmei gearwurkjende Sint-Radboudsikehûs is fan 1956. Tsjintwurdich hjit dat Radboudumc. De namme Radboud wurdt dêr sa útlein: ‘rad’ betsjut ‘ried’ (wiisheid en advys) en ‘boud’ betsjut ‘boade’ (boadskipper). Mei oare wurden: immen dy’t wiisheid en advys bringt.

By gelegenheid fan it feroarjen fan de namme fan de universiteit yn 2004 is de hagiografy foar it earst yn it Nederlânsk oerset en útjûn as Het leven van Radboud. De oersetting is njonken de Latynske tekst printe. It boek is besoarge troch Peter Nissen (1957), heechlearaar tsjerkeskiednis en Vincent Hunink (1962), universitêr dosint Latyn en Aldkristlik Latyn, beide ferbûn oan de Radboud Universiteit.

Boppesteand relaas is in kompilaasje fan gegevens fan ûnder mear de Wikipedia, de Wikipedy, Radboud Universiteit en Radboudumc.
april 27, 2019 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

10 opmerkingen

  1. Erik Blauw april 27, 08:49

    Moai skreaun, tige tank!

  2. Kerst Huisman april 27, 10:19

    In ynteressant ferhaal. Der sitte lykwols noch in pear nijsgjirrige kantsjes oan, dy’t net yn dit ferhaal oan de oarder kaam binne. Dat jout ek neat, want it ferhaal wie sa al omfiemjend genôch. Mar it jout my de gelegenheid om der noch efkes fierder op yn te gean. Dêrom de fraach: wêrom krekt Jorwert? Oannommen wurdt, dat de nei Radboud neamde tsjerke stifte is op grûn, dy’t eigendom wie fan de biskop. Dan wurdt it nijsgjirrich hoe’t Radboud yn it besit dêrfan kaam. Oan te nimmen falt: fan syn mem, en dy soe it wer oerurven hawwe fan har heit, dy’t dan mooglik in pakesizzer of oerpakesizzer fan Redbad west hawwe soe. Dat oerervjen is oannimlik, dus it grûnbesit fan de biskop Radboud soe oarspronklik fan Redbad west hawwe, dus keningsgoed. Sok Frysk keningsgoed gyng oer yn hannen fan de Frankyske machthawwers. Dy plakken binne werom te finen oan de hân fan it Sint Martinus-patrosinium, dat hechte is oan sintrale tsjerken. Dy sintrale tsjerken hienen as doel de fierder geande kerstening, mar ek it ideologysk en by need militair útbouwen fan de Frankyske macht yn it ferovere Fryske gebiet. Sint Martinustsjerken fine wy ûnder oare ek yn de stêden Frjentsjer en Grins. De hiel âlde Fryske eftergrûn fan Frjentsjer is dúdlik. Mar der is gjin twivel oan, dat it doarp dat letter de haadstêd fan Grinslân waard, ek ta it Fryske gebiet hearde. Mei oare wurden: Grins is fan oarsprong in Frysk doarpke, mei deselde namme as de terpdelsetting by Boalsert, dy´t Grons hjit. Dat ferhaal fan de oarspronklik ´Saksyske´ eftergrûn fan de stêd Grins is iuwen letter yn de wrâld kommen. Mar hjir is it ferhaal noch net ôfrûn. De âldste foarm dêr´t de namme fan it doarpke yn de Greidhoeke oerlevere is, is Everwerth fan 1221. Ornaris wurdt dna oan in sljochtwei persoan mei de namme Ever tocht, mar der is ek in oare ferklearring mooglik: dy fan de ever, de wylde baarch. De wylde baarch wie yn de Germaanske godstsjinstige belibbing in hillich dier. Goaden as Wodan, Freyr en Freyja rieden derop. Jonge striders en sels keningen waarden ´evers´ neamd. Dan moat dy Ever, dêr´t Jorwert nei neamd is, in hiel wichtich persoan west ha. Mooglik Redbad sels. Of ien fan syn foargongers.

  3. Redaksje april 28, 08:33

    Tank foar jo moaie oanfolling, Huisman!

  4. Jan huisman april 28, 10:18

    ‘Mar der is gjin twivel oan, dat it doarp dat letter de haadstêd fan Grinslân waard, ek ta it Fryske gebiet hearde. Mei oare wurden: Grins is fan oarsprong in Frysk doarpke, mei deselde namme as de terpdelsetting by Boalsert, dy´t Grons hjit. Dat ferhaal fan de oarspronklik ´Saksyske´ eftergrûn fan de stêd Grins is iuwen letter yn de wrâld kommen.’

    Ynformaasje dy’t alle leden fan Bernlef witte moatte!

  5. Cor Jousma april 29, 12:33

    Achte redaksje,

    Wa’t it artikel sa kreas útwurke hat, wit ik net. Mar miskien soe dyselde ien en oar op de Frysktalige Wikipedia ek ris útinoare helje kinne? Benammen de Redboud biskop figuer wurdt dêr (op de wiky) nochal fertize mei de kening Redbad! Meitsje in akkount en doch der wat oan.

  6. Abe april 29, 21:53

    Is der hjir ek immen dy’t him drok makket oer de posysje fan it Frysk yn de kolleezje-ûnderhannelingen dy’t no oan ‘e gong binne, of is it feiliger om mar wat oer Redbad, Reboud en Redbod foar jin út te fantasearjen?

  7. Johannes april 29, 22:12

    Ik tink dat it dreech wurd as de FNP net yn de koälysje fan de steaten komt.

  8. Cor Jousma april 30, 13:32

    Bêste Johannes,

    Is soks wol wis? Mei KU yn it plak fan de FNP hawwe se ommers gjin mearderheid.

  9. Johannes april 30, 13:41

    Cor, ik bin ôfgien op it berjocht fan Johannes Kramer op syn `Twitter`: Haha, wurdt it dochs noch gesellich yn de opposysje! De koalysje petearen gean noch troch oant juny, stie wer yn oar berjocht. Dan moatte wy dat mar ôfwachtsje. Yn elts gefal sil it Frysk der net better op wurde yn ´e steaten, tink ik.

  10. Cor Jousma maaie 4, 12:37

    Bêste Johannes, it liket ‘Ferrifelnijs’ te wêzen. Ik hâld it foar in ferskriuwing fan de Ljouwerter, want hjoed hie dy it wer oer de FNP.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.