Realisaasje kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert

april 12, 2019 09:16

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat in beslút nommen oer de ynfolling en finansiering fan de nij- en ferbou fan it earder stedhûs fan Boalsert. It eardere stedhûs wurdt in prachtich kultuerhistoarysk sintrum mei in nije namme: De Tiid.

Ofbylding: Gemeente Súdwest-Fryslân

De Tiid is neffens boargemaster en wethâlders fan de gemeente Súdwest-Fryslân in passende namme foar it kompleks dat ûntstiet nei de yngripende ferbouwing fan it monumintale stedhûs. Wethâlder Van Gent: “Mei de realisaasje fan kultuerhistoarysk sintrum De Tiid wurdt de skiednis fan it gebiet sichtber en fielber makke. Mei de biblioteek, trije Boalserter musea, it argyf, in hoarekagelegenheid, in auditoarium en in loket fan de gemeente Súdwest-Fryslân bringe wy dit prachtige plak wer ta libben.”

De nije romte en it stedhûs wurde mei-inoar ferbûn troch in publyksromte. In part dêrfan kriget de foarm fan in atrium. Dêr fynt de besiker in moderne lêsseal, digitale presintaasjes, toeristyske ynformaasje en gemeentlike tsjinsten. Yn de Nije Waach komt in auditioarium, mei romte foar sa’n hûndert minsken. Dy seal moat ek yn de jûnsoeren in moetingsplak wurde, bygelyks troch lêzings, temagearkomsten, edukative programma’s en oare kulturele aktiviteiten.

Ofbylding: Gemeente Súdwest-Fryslân

It projekt freget in ynvestearring fan 12,9 miljoen euro. Dat is mear as dêr’t de gemeente mei rekkene doe’t yn de foarige kolleezjeperioade de earste ideeën ûntstiene oer de nije bestimming foar it goed fjouwer iuwen âlde stedhûs. Dat komt troch wizigings dy’t it plan te’n goede komme. Der binne ekstra duorsumheidsmaatregels troffen en der moat rekken holden wurde mei yndikaasje fan hegere boukosten. Dat foarstel fan it kolleezje wurdt foarlein oan de gemeenterie, dy’t dêr op 9 maaie in beslút oer nimt.

De provinsje leveret in flinke bydrage fan € 3 miljoen. Earder lieten fjouwer Boalserter stiftings – it Sint Anthony Gasthûs, de Hendrick Nannes & Catrijn Epesstifting, it Weeshûs en it Fûns Boalsert-Dronryp – al harren belutsenheid sjen troch mei-inoar € 1,25 miljoen te donearjen. De Rabobank SWF draacht ek finansjeel by (€ 100.000).

De proseduere foar it kiezen fan in oannimmer is op it stuit yn in fier stadium. Nei de riedsgearkomste fan 9 maaie makket de gemeente bekend wa’t it prestisjeuze projekt bouwe sil. De restauraasje en ferbouwing fan it stedhûs set noch foar de simmer útein.

april 12, 2019 09:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.