PvdA werom yn Deputearre Steaten

april 13, 2019 12:49

CDA, PvdA, VVD en FNP kinne de kommende fjouwer jier in deeglike koälysje foarmje foar de útdagingen dêr’t Fryslân foar stiet. Ta dy konklúzje komt ynformateur Harry van der Molen. Hy advisearret om dy partijen ûnder lieding fan in noch te beneamen formateur de kommende wiken oer in koälysjeakkoart ûnderhannelje te litten. Dat meldt er yn syn einferslach oan Provinsjale Steaten.

It provinsjehûs yn Ljouwert (foto: pixabay.com)

De fjouwer partijen hawwe mei-inoar 22 fan de 43 sitten. Fanwegen de goede ferhâldingen dy’t der de ôfrûne perioade yn Provinsjale Steaten wiene en dy’t alle fraksjes behâlde wolle, ferwachtsje de fjouwer partijen dat dy mearderheid genôch is om slachfeardich bestjoere te kinnen. De bedoeling is dat der in kolleezje komt mei fiif deputearren, dêr’t it CDA as grutste partij twa leveret leveret.

De ôfrûne wiken binne mei de fjouwer fraksjes wichtige dossiers foar de kommende fjouwer jier bepraat. De ynformateur konstatearret dat der genôch betrouwen tusken de fraksjes bestiet om der op dy ûnderdielen út te kommen. Dêrmei is yn syn eagen de basis lein foar in fruchtbere gearwurking.

Van der Molen stjoert syn ferslach, foarsjoen fan alle ferslaggen fan de petearen, nei Provinsjale Steaten. Dy beslute oer de folgjende faze en it oanstellen fan in formateur. It Twadde Keamerlid krige de oanstelling as ynformateur trije wike ferlyn op foardracht fan CDA-listlûker Sander de Rouwe en mei ynstimming fan de oare listlûkers.

april 13, 2019 12:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.