Priisútrikking World Press Photo of the Year 2019

april 10, 2019 08:59

Op tongersdeitejûn 11 april makket Prins Constantijn yn Nieuwsuur de winner fan de World Press Photo of the Year 2019 bekend. De priisútrikking is yn de Zuiveringshal fan it Westergasfabryk yn Amsterdam. Mariëlle Tweebeeke praat fuort nei it bekendmeitsjen streekrjocht út de studio yn Hilversum wei mei de winner.

Foto: pixabay.com

De World Press Photo is de meast prestisjeuze fotokriich op ’e wrâld, en wurdt dit jier foar de 62 kear organisearre. De sjuery selektearre dit jier 43 fotografen yn acht ferskate kategoryen. Dêr selektearre de sjuery de seis nominearren út foar de wichtichste kategory: The World Press Photo of the Year. Mei de priis earet de sjuery in fotograaf dy’t yn it ôfrûne jier in barren of probleem fan grut sjoernalistyk belang fêstlein hat.

De nominearren fan 2019 binne:

Victims of an Alleged Gas Attack Receive Treatment in Eastern Ghouta
Mohammed Badra, Syria, European Pressphoto Agency

Almajiri Boy
Marco Gualazzini, Italië, Contrasto

Being Pregnant After FARC Child-Bearing Ban
Catalina Martin-Chico, Frankryk/Spanje, Panos

Covering the Disappearance of Jamal Khashoggi
Chris McGrath, Australië, Getty Images

Crying Girl on the Border
John Moore, Feriene Steaten, Getty Images

Akashinga – The Brave Ones
Brent Stirton, Súd-Afrika, Getty Images

De winner ûntfangt 10.000 euro.

april 10, 2019 08:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.