Priisfraach foar it bêste duorsume reisferhaal

april 27, 2019 07:18

Utjouwerij HotSum skriuwt in priisfraach út foar it bêste Frysktalige en ‘duorsume’ reisferhaal. Foar de winner leit in jildbedrach fan € 1500 klear. It winnende ferhaal wurdt mei oare ynstjoerde (selektearre) ferhalen begjin 2020 yn de bondel Under oaren publisearre.

Om nei priis en publikaasje meitingje te kinnen mei in ferhaal net mear as 3200 wurden telle en net earder publisearre wêze. Imazjinêre reizen komme ek yn ’e beneaming. Ferhalen dêr’t yn reizge wurdt mei in fleantúch wurde út soarte net yn behanneling nommen. Der moat in foto by levere wurde dy’t rjochtefrij yn de bondel brûkt wurde kin. Ferhalen en foto’s moatte, mei namme, adres en oare kontaktgegevens foar 1 novimber 2019 digitaal ynstjoerd wurde.

De ynstjoeringen wurde beoardiele troch de redaksjeleden fan útjouwerij HotSum, Jetske Bilker, Ytsje Hoekstra en Abe de Vries. It e-mailadres foar ynljochtingen en ynstjoeren is  frieseliefde44@outlook.com.

april 27, 2019 07:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.