Praatpeal werom

april 3, 2019 12:32

Foto © Satys

De praatpeal, sa’n sechstich jier ikoan fan de sneldyk en rêdingsboei foar autoriders, mar troch de mobile telefoan oerstallich wurden, komt werom, mar no yn in oare rol. Hy is omboud ta weromkeppeler. Tenei kinne minsken him brûke – net om help te freegjen, mar krekt oarsom – om organisaasjes te helpen troch harren miening troch te jaan.

Trije Fryske studinten dy’t yn Grins it startersbedriuw Satys hawwe, betochten dat de peal in nij libben fertsjinne. Se binne begjin dit jier in gearwurkingsferbân oangien mei Ecolon, it bedriuw dat de peallen romje moast. Njonken de tapassing as weromkeppeler is de peal ek te keap as autolaad- en fytslaadpeal. Sa is der in opfallend, sinfol en duorsum prudukt ûntwikkele. Dat is de spesjaliteit dêr’t Satys him op taleit.

De nije praatpeal is op 19 en 20 maart yntrodusearre op de Business Contact Dagen Noord yn it WTC yn Ljouwert. Oer net al te lange tiid sille de earste praatpeallen te sjen en te brûken wêze yn Grins en omkriten.

april 3, 2019 12:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.