Paus Fransiskus bidt op fersyk fan komsaris Brok foar de Friezen

april 21, 2019 19:37

Paus Franciscus (foto: Wikipedia/Jeffrey Bruno from New York City, United States)

De Fryske komsaris fan ‘e kening Arno Brok hat op earste peaskedei yn Fatikaanstêd west om mei de paus te praten. Jorge Bergoglio, sa’t paus Fransiskus yn it echt hjit, hie fan ‘e moarn earst de tradisjonele peasketaspraak Urbi et orbi hâlden. Dêrnei krige er besite fan komsaris Brok en twa Nederlânske ministers.

“It is in hiel aardige man”, sei Brok oer de paus. Brok frege Bergoglio om foar it wolwêzen fan de Friezen te bidden en dy ûnthiet dat er dat dwaan soe. Hy frege sels wer oan Brok oft dy foar hím bidde woe. Brok: “It is in hiel swier amt. Fandêr dat de paus oan minsken freget om ek foar him te bidden.”

Brok ferbliuwt op it stuit in skoftsje yn Rome, op útnoeging fan ‘e Rotterdamske biskop Hans van den Hende. Brok, dy’t sels roomsk is, is as ekonomysk adviseur oan dat it bisdom Rotterdam ferbûn. Hy praat ûnder oaren mei de behearders fan ‘e Friezetsjerke oer aktiviteiten dy’t de tsjerke yn ‘e mande mei Fryslân ûndernimme kin. “It is in wichtich stikje Fryslân yn Rome”, sei Brok oer de tsjerke, dy’t yn 1141 troch Fryske pylgers boud is.

april 21, 2019 19:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.