Panel Fryslân ferwolkommet 6000e lid

april 15, 2019 07:52

Panel Fryslân, it represintative boargerpanel fan it Frysk Sosjaal Planburo (FSP), telt nei in wervingsaksje goed 6000 leden. Dêr hat it FSP in unyk ûndersyksynstrumint mei yn hannen dêr’t op betroubere wize mei ûndersocht wurde kin hoe’t it giet mei de ynwenners fan Fryslân yn feroarjende omstannichheden.

Slagge aksje
Yn febrewaris nûge it FSP mei meiwurking fan alle achttjin Fryske gemeenten 30.000 samar keazen ynwenners fan Fryslân út om diel te nimmen oan Panel Fryslân. Om it oare jier wint it FSP nije leden foar dat panel. Dat is nedich om derfoar te soargjen dat Panel Fryslân represintatyf bliuwt. Dy minsken wurdt in stik as wat kearen yn it jier frege om harren miening te jaan en harren ûnderfining te dielen oer saken dy’t yn de provinsje spylje. Undersiker Miranda Visser is tige tefreden mei it resultaat. “Wy binne tige bliid dat minsken manmachtich gehoar jouwe oan ús útnûgings. It perspektyf fan de ynwenners fan Fryslân is by it FSP altyd it útgongspunt. Dit moaie resultaat biedt ús de kâns om op in betroubere wize it boargerperspektyf yn kaart te bringen by de ûndersiken dy’t wy útfiere.”

Wa dogge mei?
Panel Fryslân is in miks fan jongerein (fan 18 jier ôf) en âlderein, út ferskate parten fan de provinsje, minsken dy’t koart yn Fryslân wenje en minsken dy’t al langer yn Fryslân wenje. It tafal hat útmakke hokker ynwenners fan Fryslân wol of net útnûge binne. Yn de takomst is dat ek de iennige manier om meidwaan te kinnen oan Panel Fryslân.

En no?
De leden fan Panel Fryslân hawwe ferline wike in fragelist krige oer sosjale kontakten en maatskiplike partisipaasje. Hoe tefreden binne de ynwenners fan Fryslân mei harren sosjale kontakten? Hoe sjogge se tsjin de partisipaasjemaatskippij oan en wat dogge se yn harren frije tiid? Yn ’e rin fan dit jier folgje noch fjouwer fragelisten oer ferskate ûnderwerpen.

april 15, 2019 07:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.