Oanslaggen Sry Lanka wurk fan islamityske terreurgroep NTJ

april 22, 2019 15:42

Sry Lanka (read). Ofbylding: Wikipedia (CC).

By oanslaggen yn Sry Lanka binne de ôfrûne dagen sa’n trijehûndert minsken dea rekke. Fiifhûndert minsken rekken ferwûne.

Neffens it regear fan Sry Lanka binne de oanslaggen it wurk fan de islamityske terreurgroep NTJ. De dieders hawwe neffens it regear nei alle gedachten útlânske stipe krige.

De oanslaggen wiene snein en moandei yn fjouwer hotels, by in wenhûs en yn trije roomsk-katolike tsjerken, rûnom yn it lân. Troch de peaskefierings wie it tige drok. Sân dieders binne by de oanslaggen sels omkommen. De plysje hat 24 minsken arrestearre op fertinking fan behelle-wêzen by de oanslaggen. Yn it lân is de needtastân útroppen. Jûns nei seizen mei nimmen mear op ‘e dyk wêze.

Toeristen spylje manmachtich fan ruten. It is foar it neist noch net dien mei de oanslaggen. De plysje hat op in busstasjon yn ‘e stêd Colombo moandeitemiddei noch ferskate bommen oantroffen.

De slachtoffers komme út allegear lannen. Op syn minst ien fan harren is in Nederlanner. It Nederlânske ministearje fan útlânske saken jout noch net in negatyf reisadvys foar Sry Lanka, mar wiist wol op gefaren foar de feiligens.

april 22, 2019 15:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.