Nije kampanje fan Merk Fryslân

april 13, 2019 13:23

Foto Marco Bottinga

Merk Fryslân lansearre ôfrûne tongersdei de nije kampanje ‘Druk hè?’. Dêr heakket de marketingorganisaasje mei yn op de lêste reistrend: it út ’e wei gean fan grutte klibers toeristen. De kampanje sette útein mei it lansearjen fan de ‘Druk hè?’-fideo’s op it Facebookkanaal fan Friesland.nl en it LinkedInkanaal fan Meetinfriesland.nl. De Dam yn Amsterdam en it Weidumer Hout foarmje it dekôr foar de fideo.

Ut de massa wei
Wat langer wat mear toeristen hawwe harren bekomst fan it meitsjen fan in selske tagelyk mei hûnderten oaren by in ferneamde attraksje. Dy trend spilet Merk Fryslân op yn troch him te rjochtsjen op kwaliteitstoerisme. “Wy fine it belangryk om de toerist te lûken dy’t bewust kiest foar de rêst en de romte dy’t Fryslân biedt. Dêr komt by dat wy de alve fonteinen hawwe, dêr’t ek in orizjineel selske by makke wurde kin”, seit Martin Cnossen, direkteur fan Merk Fryslân.

Reis nei de romte
Bloggers, mar ek meeting-, event- en reisplanners meitsje mei koarten op útnûging fan Merk Fryslân in romtereis nei Fryslân. De kampanje  rjochtet him op sawol frijetiids- as saaklik toerisme. Foar de romtereisbus, dy’t yn de fideo’s te sjen is, wurdt gearwurke mei Bourguignon Lease & Verhuur. By de kampanje hearre abri’s op 86 stations foar it meastepart yn stêden mei mear as 100.000 ynwenners.

Sjoch ek Friesland.nl/ruimtereis en Meetinfriesland.nl/ruimtereis.

april 13, 2019 13:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.