Nije fotografykursus yn Ljouwert

april 22, 2019 08:06

De Rooij Fotografie út Rotterdam en Jan Fotografie út Ljouwert smite de lapen gear. It Rotterdamske fotografy-treningssintrum heakket dêrmei in 16e lokaasje yn Nederlân ta. Fotograaf Jan Dijkstra sil de fotografykursussen fersoargje. Yn de kursus wurde de mooglikheden fan de spegelreflekskamera ûntdutsen mei in tige praktyske ynstek en bewiisde learmetoade.

Foto: pixabay.com

Untdek de mooglikheden fan jo kamera
Sneon 11 maaie sil de earste fotografykursus jûn wurde. Jan Dijkstra set om 10.00 oere útein mei it útlizzen fan de technyske begripen, lykas diafragma, slutertiid en ISO-wearde. Dat wurdt fuortdaliks yn praktyk brocht mei help fan opdrachten dy’t men ûnder begelieding útfiert. De bêste manier om alles te ûnthâlden. Fansels leart men noch folle mear oer de fotokamera en oer komposysje yn dizze kursus fan ien dei. Oan de ein fan de dei, om 16.00 oere hinne, wit men hoe’t de kamera hânmjittich ynsteld wurde kin en hat men mear kontrôle oer it meitsjen fan foto’s.

Mear ynformaasje oer de kursus is te finen op: www.derooijfotografie.nl/fotocursus-leeuwarden.

april 22, 2019 08:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.