Nasjonale Bijetelling op Ekopark De Wierde

april 15, 2019 13:31

Heit en dochter op ’e siik nei bijen. Foto: Ekopark de Wierde)

Ofrûne sneon hat in groep fan tritich minsken by Omrin op Ekopark De Wierde op it Hearrenfean it fjild yn west om wylde bijen te tellen yn it ramt fan de Nasjonale Bijetelling. Omrin hat him koartlyn oansletten by it Bijepakt (sjoch hjir) en set yn op mear bioferskaat. Mei de maatregels fan Omrin om it bioferskaat op het Ekopark fierder te fergrutsjen wurdt ferwachte dat it tal bijen aardich tanimme sil.

Sûnt it ûndertekenjen fan it Bijepakt is Omrin aktyf oan it wurk foar mear bioferskaat op Ekopark De Wierde. In foarbyld dêrfan is dat koartlyn op it Hearrenfean in mingsels fan bije- en flinterfreonlik blomsied siedde en in faunapassaazje oanlein is. De bijetelling op it Ekopark wie in saneamde nulmjitting fan it tal bijen op ûnderskate plakken fan it terrein.

De nasjonale bijetelling giet út fan Nederland Zoemt dy’t alle jierren sa’n dei organisearret, omdat de Nederlânske wylde bijen yn gefaar binne: de helte fan alle 358 soarten is bedrige, wylst se hiel belangryk binne foar de sirkelgong fan ús iten. De organisaasje hopet safolle mooglik minsken yn syn aktiviteiten te beheljen.

 

april 15, 2019 13:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.