NAFO nei santich jier noch hieltyd hecht

april 3, 2019 22:29

Nei alle gedachten om it ivige geëamel fan de Amerikaanske presidint Donald Trump oer de deunens fan de Europeeske lannen as it de definsjebydragen oanbelanget, docht de Noard-Atlantyske Ferdrachs-Organisaasje (NAFO) it tuike oan mei it fieren fan it santichjierrich bestean. Oars as by eardere jubileums komme de regearingslieders net byinoar. Hjoed moetsje de ministers fan útlânske saken inoar yn Washington, yn it Amerikaanske Kongres en yn it Mellon Auditorium, dêr’t de earste tolve lidsteaten it NAFO-ferdrach ûndertekenen, op 4 april 1949, moarn santich jier lyn.

Dat ferdrach wie winliken unyk om’t lannen foar it earst yn fredestiid yn ‘e mande in definsje-organisaasje oprjochten. Hoewol, der hearske fansels in Kâlde Oarloch mei de USSR. De NAFO oerlibbe it útinoar fâllen fan dy fijân yn 1991, om’t it bûnsgenoatskip him dêrnei rjochte op etnyske swierrichheden en konflikten om grûngebieten yn de buorlannen, mei bygelyks aksjes by de oarloggen op de Balkan. De gearwurking tusken de lannen is o sa effektyf, mei om’t hja itselde materieel brûke, fan granaten en kûgels oant triedleaze netwurken.

Tsiere om ûnder oaren jild is net fan de lêste tiid. Presidint Kennedy klage yn 1963 al oer de lege definsje-útjeften fan de Europeeske partners. Mar der wie folle mear te rêden. Tusken 1966 en 2009 woe Frankryk himsels rêde mei de definsje en dat wie fan dy gefolgen dat it NAFO-haadkertier út Parys ferballe waard. Yn 1974 wiene lidsteaten Turkije en Grikelân sels mei-inoar yn oarloch oer Syprus. Oer de striid tsjin it terrorisme dy’t nei de oanslaggen yn 2001 yn New York úteinsette, wie der twaspjalt tusken Amearika en Ingelân dy’t, nei Afghanistan, Irak ek ynfalle woene, tige tsjin it sin fan Frankryk en Dútslân. Dat konflikt teskuorde de NAFO omtrint, meidat de Easteuropeeske lidsteaten Amearika stipen, om’t hja dêr dochs it meast op fertrouden as foarnaamste tsjinmacht foar Ruslân oer. De útwreiding fan de NAFO mei dy lannen yn East-Europa droech oan de iene kant by oan de stabiliteit fan de regio, mar wie likegoed foar Ruslân reden om Oekraïne en Georgië benei te kommen doe’t der praat fan wie dat dy sels ek NAFO-lid wurde soene.

De bûnsmaten fûnen inoar wer yn de striid yn Afghanistan tusken 2006 en 2014, mar lieten de striid op ‘e grûn tsjin Islamytyske Steat oan de Koerden en Iraakske militêren oer, dy’t wat mei loftoanfallen en kommando’s stipe waarden. Nei it besetten fan de Oekraynske Krim en de striid yn East-Oekrayne is Ruslân wer in tsjinstanner fan komsa en dêrneist seaget Sina oan de poaten fan de Feriene Steaten as wrâldmacht. De Amerikanen litte dúdlik blike oan de NAFO-partners dat hja ferlet fan stipe ha om dêr in skoatteltsje foar te striken. Dat, reden genôch om gerêst te wêzen oer it fuortbestean fan it noch hieltyd waaksende bûnsgenoatskip dat op dit stuit 29 lidsteaten telt. Sjoch op de Wikipedy foar mear yngeande ynformaasje.

april 3, 2019 22:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.