Muzikanten op Kadepop Festival 2019 binne bekend

april 27, 2019 09:50

Op sneon 21 septimber 2019 wurdt de achtste edysje fan Kadepop Festival yn Grins holden. Alwer de fjirde edysje op it eardere Suikerunie-terrein en de twadde edysje op en om it ferline jier iepene Stadslab as lokaasje. Jett Rebel is de haadartyst yn it programma dit jier en ek it boeken fan Dope D.O.D. liket in skot yn de roas te wêzen. Dêrneist binne ek Ten Times a Million en Fata Boom taheakke oan it programma. It fierdere programma bestiet út Sheila and the Kit, Hausmagger en Pat Smith. Ta beslút stjoere Friesland Pop en POPGroningen harren meastûnthjittende act it terrein fan De Suiker op.

Mei Jett Rebel hat Kadepop foar it safolste jier op rige in haadartyst mei alluere te pakken. Hy wurdt sjoen as ien fan de  kleurrykste persoanen yn de Nederlânske muzykwrâld. Sûnt it útkommen fan syn earste EP yn 2013 is it tige hurd gien mei de karriêre fan it muzikale wûnderbern.

Dope D.O.D. is in âlde bekende yn en út Grins. De hiphop-band mei ynternasjonale ferneamdheid stie noch nea op it Grinzer popfestival. De manlju stean bekend om sterke sjonglinen op swiere beats, dy’t kombinearre wurde mei elektroanyske muzyk.

Mei Ten Times a Million hellet Kadepop in ûnthjittende rockband nei Grins, mei pop en alternative ynfloeden dy’t by fleagen tinke dogge oan Queens of the Stone Age, Arctic Monkeys en Foo Fighters. En ek it trippe elektro-hiphop lûd fan Fata Boom mei sjongeres is in wolkomme taheakking oan it programma. Harren sjoo op 31 maaie oansteande yn Simplon wie samar útferkocht.

Pat Smith stie ferline jier ek al op it festival, doe noch as kollektyf mei Splendid. Koartlyn besleat er om solo fierder te gean en op Kadepop wol er bewize dat dy kar perfoarst gjin ierlitting foar syn sjoo west hat.

Sheila and the Kit is in alternative synthpop-band út Nederlân. Harren meloadyske nûmers binne elektroanysk en flirte mei klanken út de jierren 80, mar klinke altyd hjoeddeisk en binne skreaun om op te dûnsjen. Hausmagger begûn tsien jier lyn mei it teheisterjen fan Nederlânske poppoadia. De besiker kin rauwe, Hollânsktalige rjocht-foar-syn-raap nûmers ferwachtsje, mei teksten direkter as in rjochtse. In spijfjoer fan útspraken en poadiumpoëzij.

Om’t Kadepop al jierren bekend stiet as festival mei in noas foar opkommend talint neist al fêstige nammen, hat de organisaasje besletten de winners fan sawol POPGroningen as Friesland Pop ta te heakjen oan it programma. Wa’t dat binne, is no noch net te sizzen. Wol is de kâns grut dat dat nammen wurde, dêr’t we yn de takomst noch in protte fan hearre sille.

april 27, 2019 09:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.