Minne Welske oersetting ûnthjit klanten fergees drank

april 17, 2019 11:14

It oanbelangjende boerd mei ‘Fergees bier’ yn it Welsk en ‘Alkoholfrij’ yn it Ingelsk. (Foto: G. Aaron)

Wa’t Welsk lêze kin, hat him yn it Welske Cwmbrân fernuverje kinnen. Yn in fêstiging fan supermerk Asda hong by it alkoholfrije bier nammentlik in boerd mei it lêzen ‘Alcohol am ddim’ en dat betsjut ‘alkohol fergees’.

Welske winkels dy’t iten en drinken ferkeapje, moatte harren hannel twatalich oan ‘e man bringe. Asda is dêr lykwols wat sleau mei. In jiermannich lyn hie de supermerk by fersin ynstee fan in Welske tekst in opskrift yn it Skotsk Gaelysk brûkt op in parkearplak.

Guto Aaron is klant by de Asda-fêstiging yn Cwmbrân. Hy hat in foto fan it boerd nei de parse ta stjoerd. Hy seit: “Fluch nei Asda, neffens de tûke Welske oersetting jouwe se dêr fergees alkohol wei! Alteast, as jo it Welsk yn dy donkergrize letters lêze kinne.”

april 17, 2019 11:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.