Minister Slob docht Skiermûntseach en Dockingakolleezje oan

april 16, 2019 09:33

Arie Slob, minister foar basis- en fuortset ûnderwiis en media, wie moandei 15 april op besite by de skoalle foar basis- en fuortset ûnderwiis op Skiermûntseach en by de FAKskoalle fan it Dockingakolleezje yn Dokkum. De minister beklamme de maatskiplike ferantwurdlikheid fan skoallen en it belang fan sterk technykûnderwiis.

Ynspekteur Boelensskoalle
De besite begûn by de Ynspekteur Boelensskoalle op Skiermûntseach. Dêr slagje alle learlingen, mar it liket derop dat de skoalle slute moat, omdat der te min learlingen binne. Slob stelt foar om de skoalle njonkenfêstiging te meitsjen fan it Dockingakolleezje om sa de waadbekostiging feilich te stellen.

FAKskoalle Dokkum
By de besite oan de FAKskoalle fan it Dockingakolleezje wiene ek oanwêzich deputearre Johannes Kramer, wethâlder Jouke Douwe de Vries, Annemarie Peeters, teamlieder by it Dockingakolleezje Ferwert, Gerard Janze, direkteur-bestjoerder fan it Lauwerskolleezje en trije MR-leden fan it Dockingakolleezje. Dêr waard ek praat oer it belang fan goed ûnderwiis op plakken dêr’t it tal learlingen ôfnimt. “Op in Waadeilân fielt ús skoalle him ek ferantwurdlik foar kwalitatyf goed ûnderwiis”, sei Geert van Lonkhuyzen, bestjoerder fan it Dockingakolleezje.

Sterk Technykûnderwiis
Der is ekstra jild beskikber foar it fersterkjen vmbo technyk. Janze leit út dat it Lauwerskolleezje  en it Dockingakolleezje dêrfoar yn ’e beneaming komme. Yn ’e mande mei mbo De Friese Poort en it regionale bedriuwslibben is foar Noardeast-Fryslân in plan yntsjinne. Ut harren meidwaan blykt de belangstelling fan de ûndernimmers.

april 16, 2019 09:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.