Mienskiplike lansearring kampanje Visit Wadden

april 5, 2019 07:48

By it drokbesochte sympoasium Wij, Waddenzee Werelderfgoed op tongersdei 4 april yn stedsskouboarch de Harmonie yn Ljouwert waard de offisjele ôftraap jûn oan de nije kampanje Visit Wadden.

Foto: Visit Wadden

Lutz Jacobi, direkteur fan de Waadferiening, droech it stokje fan de kampanje ‘Mooiste Natuurgebied van Nederland’ oer oan de marketingorganisaasjes Holland Boven Amsterdam, Merk Fryslân en Marketing Groningen. By de lansearring waard de webside www.visitwadden.nl offisjeel online set. De nije webside oer Unesco Waadsee Wrâldoerfgoed jout in ynnovative presintaasje fan tsientallen ferhalen en te belibjen rûtes. Mar ek ark foar ûndernimmers, in merkgids, brosjueres foar besikers en sosjale media-kanalen foar it lêste nijs en moaie foto’s.

Duorsum toerisme befoarderje
Der waard weromsjoen op fan wat de ferkiezing fan de Waadsee as Moaiste Natuergebiet fan Nederlân opsmiten hat. Ien fan de útkomsten is in bydrage oan de yntegrale marketingkampanje om oan de iene kant lytsskalich, duorsum toerisme te befoarderjen en oan de oare kant de leefberens yn it gebiet te fergrutsjen en krimp tsjin te gean – it programma ‘Vermarkten Waddenzee Werelderfgoed’. Om ta duorsum toerisme yn de Waadregio te kommen, hawwe de provinsjes yn it ramt fan it ynvestearringskader Waadgebiet ek it programma ‘Versterken Waddenzee Werelderfgoed’ opsteld. Dat programma rjochtet him ûnder oare op it fersterkjen fan it belibjen, it ferbetterjen fan de kwaliteit fan it oanbod en de tagonklikens fan it Waadgebiet.

Fokus op gearwurkjen
In nauwe gearwurking mei ûnder oare de Waadakademy, de natuerorganisaasjes en ûndernimmers út it gebiet is foar beide partijen fan belang. Yn in folle Harmonie waarden de goed 250 oanwêzigen meinaam yn alles dat der spilet yn en om it Waad hinne. De dei waard oaninoar praat troch Harm Edens, belutsen by it Waad en bekend fan ûnder oare it programma BNR Duurzaam. By ynspirearjende sesjes yn de middei waarden de kearnkwaliteiten fan it gebiet besprutsen, nij toeristysk oanbod ûntwikkele, earste stappen foar in (oer de grinzen hinnegeande) gearwurking set en tips jûn hoe’t it oanbod ûnder de oandacht brocht wurde kin. De ynteraktive dei mei in earste resultaat neamd wurde fan it sympoasium Wij, Waddenzee Werelderfgoed. Dúdlik waard hokker ympakt de gearwurking tusken de regio’s Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân yn syn gehiel no al hat.

It sympoasium ‘Wij, Waddenzee Werelderfgoed’ waard mooglik makke troch Provinsje Fryslân, Provinsje Grinslân, Provinsje Noard-Hollân, it Ministearje fan LNV en de Waadferiening. De kampanje Visit Wadden wurdt (finansjeel) mooglik makke troch de trije provinsjes en it Waadfûns en duorret seis jier, fan 2018 oant 2024.

april 5, 2019 07:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.