Mienskip stipet frou De Groot fan Sint-Jabik mei konsert

april 22, 2019 15:49

De Fryske mienskip komt Anneke de Groot fan Sint-Jabik te help. De wente fan frou De Groot baarnde tiisdei hielendal ôf. Hja soarget dêr foar fjirtjin bern dy’t oars gjin hûs hawwe. Dy binne troch de brân alles kwytrekke. It Nijs berjochte dêr earder oer: link.

Stipe fan de mienskip hat oant no ta al fyftjintûzen euro opsmiten. Der is lykwols noch mear jild nedich. Wa’t wat jaan wol, kin dat dwaan fia dit webstee: link.

Op 3 maaie hâldt Gerard Zijlstra, de soan fan frou De Groot, in benefytkonsert yn Berltsum. Dat docht er yn ‘e mande mei disko The Dance Factory yn dat doarp. Yntree jildt fiif euro. Dat jild is ornearre foar frou De Groot en har pleechbern.

april 22, 2019 15:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.