Mear nijs oer 24 april (ferskood nei 26 juny!)

april 10, 2019 12:59

Lêste nijs: 24 april wurdt 26 juny (10.00 – 12.00 oere)

De Ried fan de Fryske Beweging, de Feriening Frysk Underwiis en Boargeraksjegroep Sis Tsiis wolle op woansdei 24 april mei in grut tal Friezen nei De Haach om oan de Twadde Keamer en it regear dúdlik te meitsjen dat it Ryk better syn plichten neikomme moat oangeande it Frysk. Dêr is al earder oer skreaun (https://www.itnijs.frl/2019/03/oprop-oan-alle-minsken-dyt-it-frysk-in-waarm-hert-tadrage/)

In busfol minsken út Fryslân komt om 11.00 oere op it Binnenhof oan dêr oan publyk, parse en Twadde Keamerleden harren noeden en easken kenber te meitsjen. Sis Tsiis nimt blauwe festjes en spandoeken mei en sil in pamflet útdiele mei útlis oer de aksje foar de maatregels dêr’t Fryslân rjocht op hat.

It debat fan de Keamerkommisje om 13.00 oere is iepenbier. De organisatoaren fan de Fryske deputaasje hoopje dat wat mear minsken meigeane, wat mear yndruk soks makket. Opjaan kin noch oant en mei 16 april by sistsiis@hotmail.com (mei fermelding fan namme, wenplak, telefoannûmer en opstapplak, sjoch fierderop, dan witte de organisatoeren wêr’t se oan ta binne). Der binne gjin reiskosten oan ferbûn

Der moat rekken mei holden wurde dat de kontrôle yn de Twadde Keamer like strang is as op Skiphol. Dat hâldt yn: gjin rare dingen meinimme, mar wol in identiteitsbewiis. Uteringen oer stânpunten, lykas teksten op klean of buorden, binne yn it gebou ferbean.

De opstapplakken en ôfreistiden fan de bus binne:

  • It Surhústerfean, Molenwei 6: 7.10 oere
  • Drachten, Transferium East (Zonnedauw): 7.25 oere
  • De Jouwer, McDonalds (Sewei): 8.00 oere
  • De Lemmer, McDonalds (carpoolplak A7): 8.15 oere
  • Muiden, parkearplak de Hackelaar (Rijksweg 1): 9.30 oere

Oankomst Binnenhof: 10.45 oere; reis werom: 15.00 oere

Minsken dy’t meiwolle mar ferfier nei ien fan de opstapplakken nedich hawwe, kinne dêr kontakt oer opnimme mei Piter Dykstra (06-13 96 38 55).

Ynformaasje-adressen: sistsiis@hotmail.com en 06-13 96 38 55 (Piter Dykstra).

Eftergrûnynformaasje is it finen op https://www.itnijs.frl/2019/03/keamerkommisje-nimt-minister-geweken/?utm_source=wysija&utm_medium=email&utm_campaign=wybled+it+nijs.

Tekst petysje f.d. Ried: https://www.itnijs.frl/wp-content/uploads/2018/12/Petysje-Ried-fan-de-Fryske-Beweging-2018-12-18.pdf

https://www.itnijs.frl/2019/04/bestjoersofspraak-2019-2023/

april 10, 2019 12:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.