Marslâner InSight oan it boarjen op Mars

april 6, 2019 09:05

InSight oan it boarjen (ôfbylding: NASA/JPL-Caltech/DLR)

Marslâner InSight is oan it boarjen yn it oerflak fan de reade planeet. By it earste besykjen smieten stiennen lykwols problemen op. It is de bedoeling dat InSight termometers fiif meter ûnder de grûn bringt om de temperatuer dêr te mjitten. By de earste sesje helle de boar mar in djipte fan achttjin oant fyftich sintimeter.

Neffens it ûndersykstiim fan NASA kin de robot de problemen sels wer oplosse, mar duorret it boarjen dêrtroch langer. InSight lâne ferline jier novimber op Mars om dêr ûndersyk te dwaan yn de boaiem. De gegevens moatte wittenskippers helpe om de formaasje fan rotseftige lânskippen te begripen. De misje fan Insight sil twa jier duorje.

april 6, 2019 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.