Makker fan earste Frysktalige spylfilm ferstoarn

april 19, 2019 13:19

Filmmakker Pieter Verhoeff ferstoar woansdei yn ‘e âldens fan 81 jier. Hy lit in breed oeuvre nei en wie tige wichtich foar de ûntjouwing fan de Frysktalige sinematografy.

Amsterdamsk Fries om utens Verhoeff – hikke en tein op ‘e Lemmer –  wie oant it lêst ta warber mei dokumintêres, telefyzjerigen en spylfilms dêr’t er in knoarre prizen mei wûn, dêrunder njoggen Goudene Keallen. Hy wurke in protte foar de VPRO en stie oan de widze fan it ferneamde satiryske programma mei de Fryske namme Jiskefet. Yn Nederlân wie er de earste mei in nepdokumintêre: Rudy Schokker huilt niet meer, oer in poppe dy’t âlet as in fleantúch (1972). Foar syn oanpart yn Tokyo Trial (2016), in dokudrama op Netflix oer Japanske oarlochsmisdieden, krige er in Emmynominaasje.

Pieter Verhoeff mei skriuwster Marijke Höweler nei de parsepremjêre fan syn ferfilming fan har boek Van geluk gesproken yn 1987. Boarne: Wikimedia

Verhoeff syn earste spylfilm (1980), Het teken van het beest, spile him al ôf yn it Noarden en gie oer de grouwélige histoaryske moardnerij fan Eije Wijkstra op fjouwer plysjes (1929). Fiif jier letter levere er de earste Frysktalige jûnfoljende bioskoopfilm ea ôf: De Dream (1985) oer de Hogerhuissaak (1897-1900).  Dêrnei folgen De Fjoertoer (1994), yn it Lemstersk, en Nynke (2001), oer skriuwster Nynke fan Hichtum, dêr’t akteurs Monique Hendrickx en Jeroen Willems Frysk foar leare moasten. Verhoeff wie dêrmei in baas oanpoener fan de Frysktalige sinematografy, dêr’t in oant no ta beskieden tal bioskoopfilms út fuortkaam is, lykas De Gouden Swipe (1996) en De Fûke (2000) fan Steven de Jong en Sportman fan ‘e Ieu (2006) fan Mischa Alexander.

april 19, 2019 13:19
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Kerst Huisman april 19, 17:35

    Mei alle respekt foar it geweldige wurk fan Piter Verhoeff, de earste Fryske spylfilm wie ‘Kar út twa’ fan Jehannes Doedes de Jong fan 1937.

  2. Redaksje april 19, 17:54

    ‘Kar út Twa’ hat net yn de bioskoop draaid, duorre ‘mar’ trije kertier en wie in stomme (lûdleaze) film.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.