Lilke organisators fiskerijdagen dogge geheimsinnich oer boekhâlding

april 21, 2019 18:54

Foto: Pixabay

De organisaasje fan ‘e fiskerijdagen yn Harns is net ree om de polityk ynsjoch te jaan yn ‘e boekhâlding. It bestjoer fan ‘e stifting fielt him misledige, om’t in gemeenteriedslid dêrom frege hat en wol tenei gjin gemeentlike subsydzje mear, as it riedslid gjin ekskuzes oanbiedt.

Gerrit-Jan de Vries fan de VVD is it oanbelangjende gemeenteriedslid. De gemeente hie subsydzje jûn foar de fiskerijdagen, mar beskate aktiviteiten giene net troch. Neffens de ferantwurdlike Stichting Visserijdagen wie dat om ‘e sinteraasje. Fierder krige de gemeente neffens De Vries fragen oer rekkens dy’t de stifting net betelle hawwe soe. Op eardere fersiken om in finansjeel ferslach hie de stifting net reagearre. Dêrom woe De Vries de winst-en-ferliesrekken fan 2018 en de begrutting fan 2019 sjen.

De Vries is net fan doel en bied ekskuzes oan. Hy seit dat syn fraach in legitimen ien is foar in riedslid. Hy wiist derop dat der ek oare riedsleden binne dy’t de finansjele ynformaasje hawwe wolle. De fiskerijdagen binne in jierliks fjouwerdagefestival yn Harns. Klik hjir foar ynformaasje oer de edysje fan 2019.

april 21, 2019 18:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.