Kulturele eksposysje ‘Pronk út de Wâlden’ yn gemeentehûs Bûtenpost

april 28, 2019 09:16 Fernijd

Eartiids koe men oan de klean al sjen wêr’t ien weikaam. Eltse streek hie syn eigen klaaiïng. Op it stuit is yn it gemeentehûs yn Bûtenpost in útstalling oer klaaiïng út de Noardlike Fryske Wâlden. De Keunstkrite stekt yn út it tema duorsumens wei.

Foto: Stichting Keunstkrite Twizel

Noch net sa lang lyn wie duorsumens wat fanselssprekkends. Sunich wêze op jins guod en werbrûke wie sa gewoan, dat men der net iens by neitocht. Alles waard reparearre en brûkt oant it echt folslein fersliten of fergien wie. Klean waarden sa faak oplape dat it orizjineel soms net mear werom te kennen wie. Jonge(re) minsken kinne har net mear foarstelle dat ôfdragerkes de noarm wiene en nije klean grutte lúkse betsjutten.

Oant en mei 29 juny oansteande wurde yn it gemeentehûs klean toand út earder tiden. Te sjen binne ferskate Fryske kostúms út de begoede boerestân en de midden- en arbeidersklasse. Wat yn tiden fan pronk en rou by de deistige klaaiïng hearde, wurdt ek sjen litten. Dêrneist wurde foto’s en kollaazjes útstald fan âld-boargers fan Achtkarspelen en omkriten yn orizjinele klaaiïng.

Op moandei 27 maaie o.s. is der yn de Keunstwike fan Achtkarspelen in oanfoljende hânwurkaktiviteit yn it gemeentehûs. Fan 14.00 oant 16.00 oere kinne dêr wa’t dêr nocht oan hawwe terjochte mei it haakte taske of om dwaande te wêzen mei tradisjoneel breids- en haakwurk of ferstelguod. Op sneon 1 juny, op de Kulturele Dei op it gemeentehûs, wurdt de rûnlieding werhelle en oanfolle mei in spesjale berne-aktiviteit.

Mear ynformaasje oer de eksposysje en de kulturele dei by Stichting Keunstkrite Twizel fia www.keunstkrite.nl of mail nei info@keunstkrite.nl. Alderwetsk skilje kin ek op 06 – 16480635.

april 28, 2019 09:16 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.