Kristlik ûnderwiis yn ’e knipe troch otterdoks-islamityske skoallen?

april 20, 2019 14:59

Foto: Pixabay

De frijheid fan ûnderwiis moat beheind wurde. Dat is it betinken fan Klaas Dijkhoff, fraksjefoarsitter fan ‘e VVD yn ‘e Twadde Keamer. Dijkhoff wol dat de politike partijen yn Nederlân prate oer it oanpassen fan kêst 23 fan ‘e grûnwet. Dat kêst jout elkenien de frijheid om nei eigen ynsjoch in skoalle te begjinnen. As sa’n skoalle genôch learlingen krije kin en der net in ferlykbere skoalle yn ‘e omkriten stiet, dan is de oerheid ferplichte om foar de sinteraasje te soargjen.

Kêst 23 is in produkt fan ‘e foaroarlochske ferpyldering. It kêst is makke foar kristlike skoallen, dat dy deselde stipe krigen as iepenbiere skoallen, dy’t doe noch meast eigendom fan ‘e oerheid wiene. Oanlieding foar Dijkhoff syn pleit is in ferslach fan feilichheidstsjinst AIVD. Dy warskôget foar yndoktrinaasje op otterdoks-islamityske skoallen. Dy skoallen bringe bern ideeën by dy’t net goed passe by Nederlân, lykas ûnferdraachsumens jins oare godstsjinsten, in anty-westerske libbensstyl en sels it ferhearlikjen fan geweld yn tsjinst fan ‘e islam. It islamityske Cornelius Hagalyceum yn Amsterdam kaam de lêste pear jier ferskate kearen yn it nijs, om’t it regear, de gemeente Amsterdam, wittenskippers en de ûnderwiisynspeksje noed hiene oer de politike ynfolling, de skieding fan jonges en famkes, en de minne skoalprestaasjes.

De fraksje fan ‘e ChristenUnie hat ek noed oer de islamityske pylder, mar is fan betinken dat kêst 23 net opoffere hoecht. “We moeten ons richten op het probleem en dat zit bij de islamitische scholen”, seit in wurdfierder. “Niet bij de scholen uit onze achterban.”

april 20, 2019 14:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.