Keunstwurken Edwin Grissen o/m 1 septimber 2019 yn MartiniPlaza

april 18, 2019 08:16

De eksposysje fan de Grinzer keunstner Edwin Grissen, dy’t yn jannewaris dit jier iepene waard, is no ferlinge oant en mei 1 septimber 2019.

Edwin Grissen – ‘Late Middagzon’

Edwin Grissen studearre yn 1996 ôf oan de akademy Minerva yn Grins, dêr’t er him foaral profilearre as maritym skilder. Dat resultearre yn driigjende seegesichten dêr’t skippen mei man en mûs driigje te fergean. Teaterbesikers sjogge geregeld ferwûndere nei de skilderijen.

Grissen omskriuwt himsels as natuerskilder mei in grutte leafde foar it lânskip. “De natuer is moai fan himsels en ik besykje dêr sa min mooglik oan ta te heakjen.” Dêrom binne der gjin kuierders te sjen yn syn bosken of op it strân. Allinnich it ljocht is oerdúdlik oanwêzich, as in hoopfol teken. Grissen skilderet ek de stêd Grins graach. Op it goede momint en it juste plak. It tankstasjon oan de Turfsingel wie oant koartlyn syn favorite plak. Dêrneist is der de see, dy’t it ûnfoarsisbere fan de natuer beklammet.

As lêste oanfolling op it wurk is der no ek de mûs. In ynsidinteel ûntstien karakterke dat him in plak yn syn wrâld ferovere hat. Yn tiid foel dat hast gear mei de berte fan syn dochter. Hero, sa’t de mûs al in skoft hjit, hat in nijsgjirrige en ûndersykjende aard en giet mei syn bravoer op de wyldste aventoeren. Hy is snoad, trochtocht en wit him yn alle situaasjes steande te hâlden.

MartiniPlaza is tige bliid mei de ferlinging. Yn de iepenbiere romten fan MartiniPlaza binne trochrinnend eksposysjes te sjen. Dy binne frij te besjen yn de iepeningstiden. By in besite oan ien fan de foarstellings is it ek mooglik foarôf, yn it skoft of nei ôfrin te sjen.

april 18, 2019 08:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.