Keunstreis nei Wassenaar en Leiden

april 15, 2019 07:43

De kommende keunstreis fan Museum Belvédère op 17 maaie fiert yn ’e moarntiid nei Museum Voorlinden yn Wassenaar, dêr’t in besite brocht wurdt oan de útstalling fan Yayoi Kusama.

Foto: Museum Voorlinden

Dy Japanske avant-garde keunstneresse is koartlyn 90 jier wurden. Al tsientallen jierren ferbliuwt se yn in psychiatryske ynrjochting yn Tokio, dêr’t se dei en nacht wurket oan har oeuvre. Hja liet har frijwillich opnimme, fanwege har hallusinaasjes en eangst foar lege romten. Netten, stippen en pompoenen ûnderfynt se as treast tsjin in hurde wrâld. Dy binne har hannelsmerk wurden en hawwe har wrâldferneamd makke. De grutte pompoen is har bekendste keunstwurk, har alter ego, en dy is ek te sjen yn Voorlinden.

De lunsj wurdt nuttige yn Leien. Oanslutend wurdt in besite brocht oan it Japanmuseum SieboldHuis. De útstalling Japans Naakt lit de ûntwikkelingen sjen yn de Japanske bleatfotografy fan de 19e iuw oant hjoed. Mear as tritich topfotografen, ûnder wa Araki Nobuyoshi, Moriyama Daido, Hosoe Eikoh, Izu Kenro en Honjō Kōrō toane harren artistike fyzje op it minsklik lichem. De ynfloed fan it westen en feroarjende ideeën yn de Japanske maatskippij oer geslacht, neakenheid en seksualiteit binne te sjen yn mear as hûnderttweintich foto’s.

Yn it SieboldHuis wurdt in rûnlieding jûn. Underweis yn de bus folget in taljochting op de beide útstallings.

Kosten fan de keunstreis binne € 75, alles ynbegrepen, as jo yn it besit binne fan in Museumkaart. De kosten binne € 83,50, alles ynbegrepen as jo gjin Museumkaart ha. Takenning fan de beskikbere plakken bart op folchoarder fan oanmelding. Fol = fol. Oanmelde kin fia de webside, telefoanysk op 0513 – 644990 of fia de mail op info@museumbelvedere.nl ûnder fermelding fan namme, adres, postkoade, wenplak en telefoannûmer. As jo twa persoanen oanmelde fia de webside, dan ek twa oanmeldformulieren ynfolje.

Sjoch op museumbelvedere.nl foar it hiele programma.

april 15, 2019 07:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.