Jan Willem Zwart: De hearremyt

april 6, 2019 20:00

Kollum

It húske fan de hearremyt. Foto © Henk Bosma

Yn Feankleaster stiet in hearremitewente. In húske foar in muonts dy’t him hielendal ôfsûnderje kin fan de wrâld. De Feankleasterbosk datearret út healwei de 19e iuw. In tiid dat der hielendal gjin muontsen wiene dy’t harren yn in klûs ôfsûnderen. De hearremitewente kaam út in katalogus fan ornaminten foar grutte tunen, dêr’t bygelyks hokken foar reaharten, teehuzen en brechjes yn te finen wiene. Fan alles koe út dy tûngids fan de 19e iuw besteld wurde. De minsken hiene yn dy tiid in romantysk byld fan in hearremyt en syn wente: in âld man dy’t op it lân fan de eigener wenne en him hielendal ôfsûndere hie fân it libben. Hielendal neat, gjin brieven, gjin minsken, gjin lawaai. It like derop dat doe ek al socht waard nei rêst en besinning.

Men kin jin ôffreegje oft it hjoed-de-dei noch mooglik is om as in hearremyt, in muonts te libjen. Hielendal sûnder kontakt mei wa dan ek. Ofsûndere fan de wrâld, mar ek ôfsûndere fan de digitale wrâld. Men kin jin ek ôffreegje wa’t dat wolle soe. Wa wol noch hielendal frij wêze fan alles wat der yn it libben bart? Wa wol hielendal sûnder kontakt mei oaren libje?

En dochs soe it foar in protte minsken hiel goed wêze as se efkes hielendal ôfsletten wiene fan it digitale libben. Digitale rêst en foaral efkes hielendal ta harrensels komme. Wy fleane oeral hinne, hawwe in drokke aginda en nimme de hiele dei ynformaasje ta ús. Men kin jin ôffreegje oft der noch wol rêst te finen is. De measte winkels binne de hiele wike iepen. Op snein ek. Der is 24 oere deis telefyzje, it ynternet stiet by de measte minsken tsjintwurdich de hiele dei oan. Bern kinne net sliepe trochdat se harren telefoan jûns let brûke om noch foar it sliepen efkes instagram te checken of de app. Der is gjin rêst mear, alles liket te bewegen hjoed-de-dei.

Ut wittenskiplik ûndersyk blykt dat ús harsens yn steat binne om de hiele dei ynformaasje op te heljen en te ferwurkjen. Us harsens fine it geweldich om dêrmei oan ’e gong te gean en foaral troch te gean. It is meastentiids dêrom dat nei dat wurk de harsens gewoan trochgeane en men net sliepe kin. Los dêrfan kin men jin ôffreegje oft we dêr fierder mei wolle. Is it ynbouwen fan rêst yn it libben net tige wichtich? Rêst om te belibjen, te fielen, gewoan mei te meitsjen. Miskien wol krekt as foarhinne, gewoan ris it gefoel fan ferfeling. De tiid fiele, de tiid nimme. Each foar de tiid, each foar in oar, each foar jinsels!

It húske fan de hearremyt hat de tiid trochstien en stiet noch hieltyd yn de Feankleasterbosk. Nim ris de tiid om him op te sykjen en gean gewoan ris by him sitten. Tiid foar josels.

april 6, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.