Jan Schokker: Lústerfinken

april 20, 2019 20:00

Kollum

Mynhear Slot, learaar op de ambachtsskoalle op It Hearrenfean warskôge ús der fyftich jier lyn al foar: “Jonges, wy moatte oppasse foar de Sinees. Us regear is deabenaud foar de Rus, mar tink om myn wurden: de Maoïsten, dy sille komme. By miljoenen tagelyk.” Hy liet ús in plaatsje sjen fan in dikke spiersterke Sinees mei in samoeraiswurd. Ik wie eartiids net sa skitende benaud, mar doe’t ik letter nei hûs fytste, miende ik efter eltse ikebeam lâns de Falkenawei al in Sinees te sjen. Heit makke der in grapke oer. “Sit der mar net oer yn, Jan. Se komme de Tsjonger by Mildaam net oer. Muoike Anne draait gewoan de brêge omheech.”

Blykber hawwe de Sinezen it noch net oan tiid hân om dizze kant út te fleanen, mar no hearde ik in skoftsje lyn fan ús premier dat se net sels komme, mar mobyltsjes ferstjoere. Kompleet mei in hiel 5G-netwurk. Spannende spionaazje. Spitich dat master Slot dat net mear meimeitsje mocht.

It berjocht oer Huawei makket my net mear bang, mar it set jin wol oan it tinken. En juster wie ik ynienen ferbjustere doe’t ik seach mei hokker mobyltsje myn frou al in pear moanne omrint: krekt, in Sineeske Huawei! Blinders, de Sinezen sitte ek al yn Jonkerslân.

It skynt dat dy apparaten alderhande digitale berjochten oerstjoere. Net allinne bylden, mar ek lûden en miskien ek ús luchtsjes. Wat witte se fan my? Ik betocht dat ik dat ding ek wolris yn de bûse ha. Scanne se de ynhâld en seit dat wat oer my? Lizze se myn psyche bleat mei bylden of digitale omtrekken fan in meske, in potlead, wat boutsjes, in pear sinten, twa ynbuskaaien en in oanstekker? Of wolle se ús omfoarmje of sosjaal opfiede en stjoere se in appke dat ik ris nedich ûnder de brûs moat? Se witte fansels al dat wy de Ljouwerter lêze, net faak Sineesk ite en hoefolle drank der troch giet. No’t ik dat sa úttikje, betink ik ynienen dat wy de lêste tiid in soad folders fan Gall en Gall troch de doar krije. En ek in soad mails mei oanbieding fan alderhande wiskys. Is Gall en Gall in Sineesk bedriuw? Dat moat hast wol. Dy nacht sjoch ik op de saak frachtweinen mei Sineeske kentekenplaten steapels pakketsjes ôfleverjen, mollen mei spleeteagen dy’t yn de foartún alles oer de kop wrotte en in swerm drones boppe it hûs. Mar dat sil yn in aaklige dream west ha.

Moast ik de frou ek ûnder tasicht stelle, no’t se mei sa’n spionaazje-lústerfink omrint?, frege ik my ôf.
“Hast dat ding ek mei nei de badkeamer?” frege ik har.
“Hoe sa? Wat is der?”
“Net út de klean gean, tink der om. Betellesto der ek mei?” woe ik ek noch witte.
“Nee, ik ha in bankpas. Kin dat dan, betelje mei in telefoan?”
“Nee, dat kin net,” sei ik gau. “Net mei dy Sineeske troep.”
“Wat dochsto no?” frege sy kjel doe’t ik har Huawei yn it tobke ôfwaskwetter op it oanrjocht falle liet. “Bisto gek wurden?”
“Nee, foarsichtich.”
Se fiske it ding der wer út en sei lilk: “Nuvere oanslaggen! Lokkich is it wetterticht.”

No ja, miskien gie der yn Peking in alarmbelle ôf dat Jonkerslân hopeleas ûnder wetter stie. Dus sa wetterticht is dat systeem grif ek wer net.

april 20, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.