It ramadangerjocht

april 21, 2019 09:10 Fernijd

Persoanlike ferhalen by bysûndere ramadangerjochten

Utstjoering: moandeis 13 maaie o/m 3 juny om 19.50 oere by de NTR op NPO2

Foto rjochts: Nadia Zerouali © Hüsne Afsar

Yn it nije fjouwerdielige NTR-programma Het ramadangerecht folget kulinêr skriuwer Nadia Zerouali acht haadpersoanen (en famyljes) by de tarieding fan har favorite ramadangerjocht en skoot se by harren oan mei de iftar, it jûnsmiel nei sinneûndergong. Haadpersoanen mei ferskate etnyske eftergrûnen en in ferskillende belibbing fan de Islam. En mei allegear in eigen famyljeferhaal.

Foar de measte moslims is de ramadan, dit jier fan 5 maaie oant 4 juny, de wichtichste moanne fan it jier. Fjouwer wike lang ûnthâlde leauwige moslims har fan iten en drinken fan sinne-opgong oant sinneûndergong. It fêsten is ferplichte foar moslims dy’t de folwoeksenheid berikt hawwe en dy’t in goede sûnens hawwe.

Yn de Islam is it fêsten gjin doel op himsels mar in wei ta besinning: op jinsels, op jins relaasje mei God, mei jins meiminske en de rest fan de omjouwing. It stribjen is om jin as minske te suverjen en te perfeksjonearjen en dy persoanlike foarútgong de rest fan it jier fuort te setten. Hoewol’t it fêsten sintraal stiet, spilet iten mei de ramadan ek in tige wichtige rol. Nei sinneûndergong wurdt it fêsten trochbrutsen mei de iftar, it jûnsmiel mei famylje en freonen. De ramadan is dan ek in moanne fan ferbining.

Nadia giet mei de haadpersoanen yn petear oer har favorite ramadangerjocht. Wat binne de yngrediïnten, hoe wurdt it taret? Mar foaral wat binne de persoanlike ferhalen efter de gerjochten? Iten hinget faak gear mei oantinkens. Binne beskate gerjochten ferbûn oan wichtige mominten út it libben fan de haadpersoanen/famyljes? Hoe wichtich binne de gerjochten om it oantinken oan de eigen kultuer en it lân fan komôf libben te hâlden? En hoe kin iten helpe om yn Nederlân te woarteljen en ferbining te krijen mei de minsken hjir?

De searje jout in byld fan de ferskate manieren dat de ramadan belibbe wurdt út de spesifike eftergrûnen fan de haadpersoanen wei. It sketst ek in byld fan de fariaasje yn it belibjen fan it leauwe ûnder moslims yn Nederlân.

april 21, 2019 09:10 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.