Projekt itensbosk Aldebiltsyl kin úteinsette

april 30, 2019 08:43

Mei it takennen fan in subsydzjebedrach fan € 20.000,- kin de Stichting Voedselbos Ouwe-Syl úteinsette mei it ûntwikkeljen fan de itensbosk. Wethâlder Jan Dijkstra: “It is in ynwennersinisjatyf mei each foar allegear aspekten. Entûsjaste frijwilligers, aktiviteiten foar jong en âld mei in soad oandacht foar de natuer. Dat is dochs in hiel moai totaalplaatsje?”

Foto: pixabay.com

Op it stuit bestiet de ruilferkavelingsbosk oan de noardwestkant fan it doarp benammen út (sike) esken en elzen. Mei it projekt wurdt in beleeftún kreëarre mei ûnder oare in fiver, houtwâlen en in grutte fariaasje oan fruit- en nutebeammen en oare ytbere gewaaksen. Blommen, bijekasten en útwreiding fan kuierpaden soargje foar in plak dêr’t minsken graach wêze wolle. It is bewiisd dat itensbosken in grutte taname fan bioferskaat sjen litte.

Wêrom?
It idee foar sa’n bosk yn Aldebiltsyl is ûntstien troch de noed fan de ynwenners oer de takomst fan de regio. Gearfetsjend: middenstân ferdwynt, iten wurdt foar in grut part net mear lokaal ferboud en ferkocht, grutte bedriuwen behearskje de merk en lokale ûndernimmers hawwe it dreech. Yn de lânbou is sprake fan skaalfergrutting en dêrtroch ferdwine de lytse(re) mingde boerebedriuwen foar it grutste part. Op grutte skaal binne monokultueren ûntstien en de problemen dêrfan wurde hieltyd sichtberder. It projekt draacht by oan it ferheegjen fan it bioferskaat yn de omjouwing. In edukative funksje foar basisskoallebern en ynwenners wurdt taheakke oan it doarp en der komt in moai moetingsplak foar jong en âld yn de bûtenlucht by.

Berneboargemaster Piter Murk de Groot sjocht it wol sitten: “Hartstikke moai foar alle bern om yn ’e bosk te boartsjen, beien te plôkjen en faaks kin de skoalle der sels út en troch lesjaan. Wer ris wat oars as binnendoar yn ’e klasse sitte.”

Permakultuer
It plan is om de bosk te kreëarjen neffens de saneamde permakultuerprinsipes. Permakultuer is derop rjochte om te buorkjen neffens de wetten fan de natuer, sûnder gebrûk te meitsjen fan keunstdong, bestridingsmiddels en dongstoffen dy’t earne oars weikomme. It wurdt in moaie bosktún, dêr’t minsken inoar moetsje en gearwurkje. Der wurdt kennis opdien en oerdroegen en betelber goed iten produsearre. Mei it projekt leveret Doarpsbelang Aldebiltsyl in bydrage oan in duorsume takomst yn de streek.

april 30, 2019 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.